Oranje Luzerneflinter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Oranje Luzerneflinter
Colias croceus (Dordogne).jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Wytflinters (Pieridae)
soarte
Colias croceus

De Oranje Luzerneflinter (Colias croceus) is in soarte yn it skaai fan de Luzerneflinters (Colia).

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Oranje Luzerneflinter is in frij algemiene trekflinter dy't fan maaie oant oktober yn Nederlân wêze kin. Der binne soms jierren dat de flinter rûnom sjoen wurdt, mar it swiertepunt fan de waarnimmings leit yn it suden fan it lân en de kuststreek bylâns.

Oranje Luzerneflinter.

Flinter[bewurkje seksje | edit source]

De wjuklingte is likernôch 22 oant 27 mm. De boppekant fan de wjuk is oranje mei giel. By de mantsjes is de dûnkere achterrâne oan de boppekant troch ljochte ieren trochbrutsen. De wyfkes binne oranje en hawwe oranje stippen yn de donkere efterrâne. De Oranje Luzerneflinter rêstet noait út mei sprate wjukken.

Fleantiid[bewurkje seksje | edit source]

De earste flinters wurde sjoen yn maaie/juny. De neikommende generaasjes wurde sjoen begjin july oant begjin novimber.

Rûp[bewurkje seksje | edit source]

De rûp wurdt likernôch 35 mm. It liif is grien, mei in dizige oranje streek der oer.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Oranje Luzerneflinter.