Oranienburg (konsintraasjekamp)

Ut Wikipedy
SA-beweitsers foar it kamp yn 1933
Betinkstien fan Erich Mühsam Oranienburg

Oranienburg wie in nazikonsintraasjekamp yn de gemeente Oranienburg sa'n 30 km benoarden Berlyn. It wie ien fan de earste kampen dy't boud waarden, yn 1933, koart skoft nei de machtsoername troch Adolf Hitler. It kamp soe lykwols net lang bestean, al yn 1934 giet it wer ticht. De sluting wie nei de machtsoername fan de SS op de SA en de dêrnei folgjende sintralisaasje fan de kampen.[1] Yn 1936 bouden de Nazy's Konsintraasjekamp Sachsenhausen in tal kilometer noardeastlik fan Oranienburg.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 21 maart 1933, waard in âlde brouwerij, midden yn Oranienburg, troch it 208e rezjymint fan de SA omboud ta in kamp foar 700 finzenen en 14 bewakers. Rillegau waard it kamp erkend troch de steat. De measte finzenen wienen leden fan de KPD (Dútske Kommunistyske Partij). Nei july kamen dêr leden fan de sosjaal-demokratyske partij by, en alle fijanige eleminten dy't gearspand hienen tsjin Adolf Hitler, sa as âld-partijleden.[2]

Simmer 1933 ferdûbele it tal finzenen nei 1400, it tal beweitsers (noch altyd SA-mannen) gie omheech nei 170. Yn de mande mei de pleatslike plysje en oerheid soargen sy foar it beweitsjen fan it kamp. De measte finzenen kamen út Berlyn en it kamp fan Potsdam, dat koart dêrfoar sletten wie. Totaal sieten sa'n 3000 minsken fêst yn Oranienburg, wêrfan 3 froulju wiene. Fan dy 3000 binne der 16 fermoarde troch de bewakers.[3]

Yn de begjindagen fan it kamp waarden de finzenen twongen om te wurkjen oan de barakken fan it kamp, om mear finzenen oan te kinnen.[4] Letter waarden sy brûkt by it bouwen en fannijs opmeitsjen fan de ynfrastruktuer fan Oranienburg: foar de swiere, ientoanige arbeid dêroan anneks, sa as it oanlizzen fan it spoar en diken, it oanlizzen fan wetterlieding en it kapjen fan beammen. Guon finzenen waarden brûkt om yn Börnicke in SA-Gruppenführerschule te bouwen. It libben fan de finzenen wie hurd en sy wienen oerlevere oan it goedachtsjen fan harren beweitsers, fral de leden fan de Joadske kompanjy.

Op 13 july 1934 waarden de lêste finzenen oerbrocht nei konsintraasjekamp Lichtenberg. Dat barde nei de Röhm-putsch, doe't de SS it kommando fan de SA oernaam. Under leiding fan kampynspekteur Theodor Eicke namen 150 SS'ers it kamp oer en waard it in reservekamp, om by need te brûken. It kamp waard ferneatige yn de oarloch en it pún waard brûkt by it fannijs bouwen fan it doarp sels. Sadwaande waard it kamp fergetten; yn 1960 waard der in kazerne fan de Volkspolizei boud, mei in lyts tinkteken dêrfoar.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. United States Holocaust Memorial Museum
  2. www.stiftung-bg.de; sjoen 25-05-2008
  3. www.stiftung-bg.de; rieplachte op 25-05-2008
  4. www.stiftung-bg.de; rieplachte op 25-05-2008