Opiumkrigen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Fjochterij by Kanton tidens de Twadde Opiumkriich

Tusken 1839 en 1860 waarden twa opiumkrigen útfochten tusken Ingelân en Sina.

De Earste Opiumkriich begûn yn 1839 en einige yn 1842. De reden foar de oarloch wie it slûkjen fan opium troch de Britten nei Sina dat miljoenen minsken, sels guons fan de hegerein, ferslaafd makke. Doe't de Sinezen dêrtsjin optrede woenen, seagen de Britten dat as in konflikt dat mei in kriich beslein wurde moast. Mar de feitlike reden lei djipper. De Sinezen hienen ieuwenlang harren ekonomy sluten hâlden foar Jeropeeske hannelers en de Britten beskôgen dat as ûnakseptabel.

De Twadde Opiumkriich begûn yn 1856 en einige yn 1860. De reden dat de oarloch útbruts hie der mei te krijen dat de Sinezen it tige dreech fûnen om de ôfspraken, makke mei de Britten nei de earste kriich, nei te kommen en de Britten nije easken stelle woenen. Om dizze ûnwilligens fan de Sinezen foar altyd de kop yn de drukken, gong in kombinearre Britsk-Frânske troepemacht opnij yn de oanfal.