Onkology

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Onkology (fan it Grykske wurd όγκος „Opswolle“ en λόγος „Lear“) is dat part fan de genêskunde dy't har dwaande hâldt mei ûndersiik en behanneling fan kanker.

In dokter dy't him spesialisearre hat yn de onkology wurdt in onkolooch of ynternist neamd. It mêd dêr't er him mei dwaande hâldt is:

  • Diagnostyk fan kanker en problematyk dy't dêrmei gear hinget;
  • it folgjen (follow-up) fan kankerpasjinten nei de behanneling;
  • it jaan fan palliative soarch oan pasjinten;
  • Etyske fragen beantwurdzje dy't te krijen hawwe mei kankerbehanneling en soarch;
  • Undersiik fan besibben fan pasjinten (fan guon soarten kanker wurdt útgien dat dizze feroarsake wurdt troch in erflike oandwaning, bygelyks boarstkanker).

De onkolooch makket diel út fan in multydissiplinêr team dat bestiet út allegearre spesialisten dy't mei inoar soargje foar adekwate en optimale diagnostyk, behanneling en soarch, en follow-up fan onkologyske pasjinten. Ofhinklik fan de type kanker kin dat wêze: patology, radiology, nukleêre genêskunde, sirurgy, gynaekology, KNO, radioterapy.