One Wall Federation Cup

Ut Wikipedy
Team USA tsjin Baskelân op de 1e One Wall Federation Cup

De One Wall Federation Cup is in ynternasjonaal muorrekeatstoernoai foar nasjonale teams. De kompetysje wurdt hâlden yn de ien-muorre fariant. De organisaasje is yn hannen fan de Expulsim Ludere Association. Bysûnder oan it toernoai is, dat lannen fan alle ynternasjonale keatsorganisaasjes oan it toernoai meidwaan kinne.

2008[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste edysje fan it toernoai is hâlden yn novimber 2008 yn it Italiaanske Nizza Monferrato. Oan dat toernoai dienen by de hearen 10 lannen mei en by de dames 7. It hearetoernoai waard wûn troch de Feriene Steaten mei de spilers William Polanco, Steve Robalino, John "Rookie" Wright en Roland Brown III. As twadde einige Porto Riko mei Giovanni Vasquez, Francisco Aponte, Ricky Montalvo en Edgar Diaz. Yn it dames damestoernoai wienen de rollen omkeard: Porto Riko mei Maria Rivera en Stefanie Vega wûn dêr de titel en it twadde plak wie foar de USA mei Teresa McCourt en Dori Ten.

2009[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn oktober 2009 is de twadde edysje fan it toernoai spile yn it Amerikaanske Portland. Dêr kaam by sawol by de manlju as de froulju "team USA" as winner út de bus. Porto Riko wie doe beide kearen ferliezend finalist.

2010[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de tredde edysje, spile op 13 en 14 novimber yn Imperia (Itaalje) gie de winst yn it hearetoernoai foar it earst nei Porto Riko (Herman Mendez en Wally Amaro). It sulver wie foar de USA (Willie Polanco, Steve Robalino, Hang Ching-Li en Eddie "Shooter" Ramos), it brûns gie nei Meksiko (Sal Duenas en Samzo Hernandez). By de froulju prolongearre it team út de Feriene Steaten (Maria Rivera, Stephanie Vega, Karen McConney en Alethia Mendez) de titel troch Porto Riko (Maggie Crespo, Michelle Melendez, Cheyleen Cruz en Raquel Murphy) yn de finale te ferslaan. De Nederlânske dames Miranda Scheffer en Harmke Siegersma leine beslach op it brûns.

2012[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fjirde edysje fan de One Wall Federation Cup is op 20 en 21 oktober spile yn Dublin (Ierlân). De dames-edysje is wûn troch Porto Riko mei de spylsters Michelle Melendez en Jessica Lopez. It sulver wie foar de USA. By de hearen gie de cup nei de USA, fertsjintwurdige troch Yuber "PeeWee" Castro en Tywan Cook. Ierlân wie ferliezend finalist.