Omsk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Omsk
Омск
Tarskajastrjitte
Tarskajastrjitte
Sifers
Ynwennertal 1.153.971 (2010)
Oerflak 573 km²
Befolkingstichtens 2.014 / km²
Hichte 87 m
Polityk
Lân Ruslân
Federaal distrikt Siberië
Oblast
Boargemaster Omsk
Oar
Stifting 1716, 1782 (stêd)
Tiidsône Omsktiid (UTC+7)
Webside www.omsk.ru
Plak dêr't Omsk leit
Skouboarch Omsk

Omsk (Russysk: Омск) is in Russyske stêd yn Sibirië, haadstêd fan de oblast Omsk en de sânde stêd fan Ruslân mei 1.154.116 ynwenners (14. Oktober 2010).[1] De stêd leit op it plak dêr't de rivieren de Irtysj en de Om byelkoar komme.

Under it Russysk keizerryk wie Omsk de sit fan de Gûverneur-generaal fan West-Siberië en letter fan de Gûverneur-generaal fan de Steppen. Yn de Russyske boargeroarloch, yn 1918–1920, wie Omsk de haadstêd fan de anti-bolsjwistyske Siberyske Republyk en waard de keizerlike goudreserve dêr bewarre.

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

Omsk hat in wichtige haven en de Russyske oaljemaatskippij Sibneft sit dêr.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Omsk is goed te berikken oer it wetter (Irtysj en Om) en hat oanslúting op wichtige wegen en it spoar. It trans-Siberysk spoar en de autowei M5 ferbynt Omsk oer Tsjeljabinsk mei Moskou en it oerbliuwend part fan europeesk Ruslân. Teffens hat de stêd in eigen lofthaven dy't troch mear as ien maatskippijen betsjinne wurdt en dy't de basis is fan Omskavia. It stedske iepenbier ferfier bestiet út trams, stedsbussen en trolleybussen. De earste line fan de metro fan Omsk wurdt al benei tweintich jier oan wurke; mooglik kin it earste trasee yn 2016 yn gebrûk naam wurde; de stêd fiert dan hat 300 jierrich bestean.

Unjouwing befolking[bewurkje seksje | edit source]

Jier Ynwenners
1725 992
1825 9.000
1858 18.000
1897 37.376
1926 162.000
1939 288.855
1959 581.108
1970 821.151
1979 1.014.246
1989 1.148.418
2002 1.134.016
2010 1.154.116

Kultuer en ûnderwiis[bewurkje seksje | edit source]

It leadjittersmonumint yn Omsk

As foaroansteand kultuer- en ûnderwiissintrum hat Omsk in tal museums, teaters, skouboargen en (heger)ûnderwiisynstituten.

De meast wichtige museums binne:

  • It steatmuseum foar regionale skiednis
  • It Dostojevskymuseum fan literatuer
  • It Vrûbelmuseum foar keunsten
  • It militêr museumkompleks
  • It Kondraty Belov keunstmuseum
  • It Liberovsintrum foar keunst

Teaters binne de Opera fan Omsk, it Dramateater Omsk, it Sirkus fan Omsk en in tal lytsere kulturele ynstellings.

Heger ûnderwiis[bewurkje seksje | edit source]

  • Steatsuniversiteit Omsk
  • Technyske Steatsuniversiteit Omsk
  • Pedagogyske Steatsuniversiteit Omsk
  • Agraryske Steatsuniversiteit Omsk
  • Steatsuniversiteit foar Fervierkunde Omsk
  • Siberyske Steatsakademy foar Wegenbou
  • Siberyske Steatsakademy foar Lichems Oefening en Sport

Berne yn Omsk[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]