Omropper
Ut Wikipedy
In omropper wie in persoan dy't in steden en doarpen saaklike meidielings 'op'e bel' die. De omropper hie in fêste rûte troch stêd of doarp. Hy luts de oandacht troch te beljen of mei it slaan op in bekken.
De omropper frege omtinken foar meidielings fan de gemeenteried, in foarstelling yn it pleatslik kafee, oanbiedings fan in winkelman of fan in needslachting, ensafuorthinne.
De doarpsomropper wie oant yn de sechtiger jierren fan de 20e ieu warber as bringer fan it pleatslike nijs.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Brouwer, J. H. e.o. red. Encyclopedie van Friesland, 1958. Omroeper |