Omnibus (ferfiermiddel)

Ut Wikipedy
Omnibus yn Kopenhagen, 1907

In omnibus (Latyn foar: 'foar eltsenien') wie in wein foar it iepenbier ferfier fan persoanen yn in stêd of doarp. Hy waard lutsen troch ien as twa hynders. De omnibus folge in fêste rûte op fêste tiden.

In hynstetram rûn op reels, dat wie lichter, mar fanwege de oanlis fan it spoar djoerder.

De omnibus waard fral yn de 19e iuw brûkt, oant yn de iere 20e iuw, en waard doe ferfongen troch de autobus (gearlûking fan auto en omnibus), dy't troch in ferbrâningsmotor oandreaun waard.