Oktoberfest

Ut Wikipedy
Oktoberfest 2007
Yn in biertinte

Oktoberfest is in folksfeest yn Múnchen dat alle jierren yn de hjerst hâlden wurdt. Der is in kermis, der binne biertinten, en de bierbrouwers út Múnchen brouwe alle jierren in spesjaal bier foar it feest. It feest wurdt hâlden fan de earste sneon nei 15 septimber oant en mei de earste snein fan oktober, of oant en mei de Dei fan de Dútske Ienheid at dy letter is, of in dei letter as beide op deselde dei binne. It Oktoberfest lûkt alle jierren mear as seis miljoen minsken.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oktoberfest fan Wikimedia Commons.