Ogham (alfabet)

Ut Wikipedy
Ogham alfabet
Ogham-alfabet

Ogham (Aldiersk: ogam, soms ek, neffens de earste trije letters:beth luis nion.) is in alfabet dat yn de 5e en 6e iuw brûkt waard foar Primityf-Ierske en soms Brytoanyske of Piktyske ynskripsjes op stiennen; teffens komt it yn in stikmannich Aldierske manuskripten foar (hoewol't dy teksten sels yn it Latynske alfabet skreaun binne.

It is in skrift fan rjochte streken mei oarspronlik 20 letters dy't oardere binne yn fjouwer groepen fan fiif letters. Letter is der yn fyfde lettergroep oan taheakke.

Ogham-stiennen binne fral te finen yn Ierlân, Skotlân, súdlik Wales, Cornwall en Devon.

De letters fan it ogham-skrift hjitte nei beammen dy't hieltyd mei in oare letter begjinne. Dat der wurdt net sein "aa, bee, see, dee", mar "ailm, beith, coll, dair". Ek Latynske letters hienen earder yn it Iersk dy nammen.

De oarsprong fan ogham is net witten: neffens in 15e-iuwsk geskrift, The Book of Ballymote, wie ogham yn it earstoan in geheime gebeartetaal fan de druïden, mar dat wurdt hjoeddedei betwifele meidat der gjin oare referinsjes fûn binne.

Ogham-ynskripsjes binne faak te finen op âlde grêfstiennen yn Ierlân en Wales, faak hawwe sy dêrneist deselde tekst yn it Latynske alfabet.

It Ogham-alfabet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ogham-tekens mei tastimming fan evertype.com

De Ogham-tekens binne yn Unikoade fêstlein as U+1680 o/m 169C neffens de tabel hjirûnder:

heks Namme Betsjutting Latyn heks Namme Betsjutting Latyn
1680 SPAASJE 1690 AILM Yp A
1681 BEITH Bjirk B 1691 ONN Brem O
1682 LUIS Lijsterbes L 1692 UR Skrobberheide U
1683 FEARN Els F 1693 EDAD Popelier E
1684 SAIL Wylch S 1694 IDAD Taksis I
1685 NION Esk N 1695 EABHADH
1686 UATH Hagedoarn H? 1696 OR
1687 DAIR Iik D 1697 UILLEANN
1688 TINNE Hulst T 1698 IFIN
1689 COLL Hazzenút C 1699 EAMHANCHOLL
168A CEIRT Appel Q 169A PEITH
168B MUIN Wynrank? M 169B VEER
168C GORT Klimmerblêd G 169C OMKEARDE FEAR
168D NGEADAL
168E STRAIF Krikelbeam Z?
168F RUIS Flearbeam R

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]