Oerwinnende Bear

Ut Wikipedy
Oerwinnende Bear
persoanlike bysûnderheden
echte namme Matȟó Wayúhi
oare namme Conquering Bear
berne ±1800
berteplak ?
stoarn 19 augustus 1854
stjerplak oan 'e Noardlike Platte
(Wyoming)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Brulee
jierren aktyf ±18251854

Oerwinnende Bear (Lakota: Matȟó Wayúhi, útspr.: [ma't˟o: wa'ju:hi]; Ingelske oersetting: Conquering Bear; ±180019 augustus 1854) wie in opperhaad fan 'e Brulee-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Syn dea troch de hân fan senuweftige Amerikaanske soldaat rûn yn 1854 út op it Grattan-bloedbad.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1851 wie Oerwinnende Bear ien fan 'e ûndertekeners fan it earste Ferdrach fan Fort Laramie, wêrby't de Amerikaanske oerheid grutte dielen fan 'e flakten oan 'e Yndianen tasei. Yn augustus 1854, doe't nei skatting sa'n 4.000 Sû gearkommen wiene oan 'e rivier de Noardlike Platte, yn ôfwachting fan 'e útdieling fan harren jierjilden troch fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske regear, stiel in Minnikonzjû-kriger in ko fan in mormoanske karafaan op trochreis. Hoewol't sokke gefallen neffens de betingsten fan it ferdrach troch de pleatslike Yndiaansk agint ôfhannele wurde moasten, bemuoide it Amerikaanske leger him dermei, troch in kavalerydetasjemint ûnder lieding fan luitenant John Lawrence Grattan nei it grutte Yndiaanske kamp ta te stjoeren om ferhaal te heljen.

Grattan easke fan Oerwinnende Bear, dy't it wurd fierde foar de Sû, dat de Minnikonzjû-kriger dy't de ko stellen hie, oan him útlevere wurde soe. Oerwinnende Bear wegere dat, en troch de dronkenskip fan 'e tolk Lucien Auguste en de grutte oermacht fan hast 1.200 krigers, ûntstie der al rillegau in spande sitewaasje. Doe't in senuweftige soldaat Oerwinnende Bear delskeat, rûn dit barren út op it saneamde Grattan-bloedbad of Grattan-gefjocht, wêrby't 29 fan 'e 31 leden fan it kavalerydetasjemint omkamen. Oerwinnende Bear stoar fuort letter oan syn ferwûnings en waard as opperhaad opfolge troch Lytse Tonger.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.