Oerlis:Yndo-Jeropeeske talen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dy foarmen tusken "" yn'e tabel soe ik eins allegear kursyf ha wolle, mar dat slagge allinne mar by de boppeste rigel. PK

Ik wit net werom. Guon programma's, fral fan Microsoft, feroarje op har eigen twa kear ' yn ien kear ", en dat wol hjir net. Dien. Aliter 18.07, 8 jun 2005 (UTC)

Feroaring namme side[boarne bewurkje]

Ik haw de ynhâld fan dizze side ferpleatst nei "Yndo-Jeropeeske talen".

Motivaasje: yn it foarste plak is Yndogermaansk de grûntaal dêr't alle Yndogermaanske talen fan ôfstamje en giet dizze side oer dy taalfamylje, net oer de grûntaal.

Mar wichtiger is, dat de term "Yndogermaansk" net mear gongber is yn 'e taalkunde. Trochdat de nazi's him (mis)brûkt hawwe yn harren rasse-ideology, wurdt er tsjintwurdich sjoen as in "besmette" term. Dêrom is de term Yndo-Jeropeesk betocht as ferfanging en dy wurdt no yn 'e taalkunde troch elkenien brûkt.

Ik sil letter de side Yndo-Jeropeeske talen noch wol even fierder oanpasse, û.m. mei wat ik hjir boppeskreaun haw, mar dat doch ik my no even net oan tiid - it is Aldjiersdei! Woadan 14.58, 31 des 2005 (UTC)

It hie faaks better west om de ein fan de diskusje op jo oerlisside ôf te wachtsjen ear't jo itselde ek mei oare siden dienen, fral om't it Aldjiersdei wie en dit dêrom wol in dei wachtsje koe. Jo hawwe deselde flater no hoefolle kear makke? (Dat idee dat it gjin Yndogermaansk wêze mei, dat sjoch ik ek oars, mar jo hawwe genôch putsjes lizzen yn it oanpassen fan de siden dy't jo skreaun hawwe, dat ik lit dit mar sa.) Aliter
Nije side fuortsmiten en ynhâld op de âlde side set. Titel âlde side feroare ta de nije titel. Der sil grif in nije side oer de taal ôfsplit wurde, dat it synonym sil mûglik net lang jilde. Aliter 22.28, jan 17, 2006 (UTC)

Anatoalyske talen[boarne bewurkje]

By de oarsprong haw ik de Anatoalyske talen fuorthelle, om't de lêzer wat der stie net sûnder útlis oannimme wolle sil, en ik sels ek net leau dat it is sa't it der stie. Aliter 22.15, jan 18, 2006 (UTC)

Ik haw de taalkundige útlis fan Kentum/Satem weilitten om't dy in oare doelgroep hie as de rest fan de side. Foarbylden koenen it ferskil fansels lytser meitsje. Oarsom wienen de details better te plak op in side allinnich oer de satemisaasje. Aliter 22.15, jan 18, 2006 (UTC)

Myseensk/Mykeensk[boarne bewurkje]

By Grykske talen waard melding makke fan 'Myseensk Gryksk', dit moat wêze 'Mykeensk Gryksk'. De 'c' ût de Latijnske namme 'Mycenae' is hurd en net sêft, dat is pas letter kaam in it Frânsk mei fjirdere ferplatting fan it Gallo-Romaanske Latijn (Sommige minsken in Ingelân en foaral Amerika sprekke it ek altyd ferkeard ût). De oarspronkelike Grykske namme is mei in 'k' (kappa) skreaun:'Mykenai', en net mei in 's' (sigma). 77.163.72.111 15 feb 2009, 23.22

Aldtsjerksk[boarne bewurkje]

Aldtsjerkeslavysk? Drewes (talk) 19 apr 2012, 21.32 (CEST)[beäntwurdzje]