Oerlis:Wylde knyn

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Fersprieding yn Fryslân[boarne bewurkje]

Ik haw yn it artikel oanjûn dat wylde kninen yn Fryslân benammentlik op 'e Waadeilannen foarkomme. Mar harren foarkar foar sângrûn yn oanmerking nommen, soene se ek bêst yn 'e Wâlden, de Stellingwerven en Gaasterlân foarkomme kinne. Ik haw lykwols klaai tusken de teannen en kom mar selden oare kant Ljouwert (en alhielendal nea oan 'e súdkust), dat ik haw der gjin idee oer oft kninen dêr omhúsmanje. Wa't it wit, mei it sizze. Ieneach fan 'e Esk (talk) 19 jan 2013, 19.53 (CET)[beäntwurdzje]

Yn alle gefallen komme sy ek foar yn de bosken fan Olterterp, Beetstersweach en Feankleaster. Sels sjoen. Drewes (talk) 19 jan 2013, 20.02 (CET)[beäntwurdzje]