Oerlis:Wolkekliuwer

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wy brûke by stedssilhûet: wolkekliuwer ynstee fan -klauwer, ek it wurdboek skriuwt wolkekliuwer--Swarte Kees 29 nov 2009, 15.57 (CET)[beäntwurdzje]

Dan neam ik de boel oer. Ik haw ek twifele en haw doe ek it wurdboek derby hân. Ik haw hjir it Kramers Wurdboek (útbrocht troch de Afûk en útwreide troch Zantema) foar my lizzen, dizze seit 'wolkeklauwer'.--J'88 29 nov 2009, 16.07 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw de side omneamd. Ik fyn sels wolkekliuwer in moaier wurd.--J'88 30 nov 2009, 13.22 (CET)[beäntwurdzje]

Tank Aldgilles en Drewes, foar it neisjen fan dit stik. Moat in aardich putsje west wêze. --J'88 26 jan 2010, 17.43 (CET)[beäntwurdzje]

Ynhâld hifkje[boarne bewurkje]

Ik ha niiskrekt it predikaat 'topside' jûn oan dizze side omdat dêr in demokratyske mearderheid foar wie. Ik bin lykwols noch net tefreden mei de ynhâld fan de side.

  • Der binne noch wol wat taalbonkjes
  • Ynlieding foldocht my noch hieltyd net.
  • Wat is bygelyks in gerdynmuorre? By de Ingelske Wiky sjoch ik yndie soksawat stean as in glass curtained, mar dat is wol wat oars as in gerdynmuorre. Miskien hat J88, dy't hjir de measte tiid en swit yn stutsen hat, fakliteratuer dêr't wat yn stiet oer gerdynmuorren? My is it wurd folslein ûnbekend.

Fierders woe ik noch sizze dat dizze side wol omtinken fertsjinnet omdat der ek aktualiteiten op stean. Hawar, dat sille wy mei de tiid graach feroarje. As J88 nochris de side ynhâldlik hifkje kin, dan wol ik wol in definitive taalhifking dwaan. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 4 apr 2011, 22.22 (CEST)[beäntwurdzje]