Oerlis:Striptease

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Striptiis soe ik net dwaan. It is gjin Frysk, it is neat en betsjut neat! Dan leaver "pleagjende ûntklaaiïng", as in moaier Frysk synonym. Drewes (talk) 27 jun 2013, 18.44 (CEST)[beäntwurdzje]

Neakennarje, bleatfergje, útferklaaie? Ik betink it wol. Drewes (talk) 27 jun 2013, 18.57 (CEST)[beäntwurdzje]
Bin ik net mei jo iens. Frjemde wurden moatte yn it Frysk oer it algemien fonetysk skreaun wurde; it Ingelsk is dêrop in útsûndering, dat mei stean bliuwe (mar it hoecht net): in wurdt as "plestik" skriuwe we ommers ek al mei in e en in k. No fyn ik "striptiis" in aardich wurdbyld hawwen, mar ik bin der net mei troud. As jo it artikel graach ûnder de titel fan "striptease" hawwe wolle, fyn ik dat ek bêst. Mar "striptiis" is net fout. ("Pleagjende ûntklaaiïng" is de letterlike oersetting fan striptiis, mar is as beneaming fansels fiersten te lang en te bombidich). Ieneach fan 'e Esk (talk) 27 jun 2013, 19.01 (CEST)[beäntwurdzje]
Hmm.. Striptiis. It wurdbyld noasket my net al is it net fout, ik bin ek net mei striptease troud, mar it mei om my stean bliuwe. Drewes (talk) 27 jun 2013, 19.39 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik jou ta dat "striptease" de gongberder foarm is. As it jo net noasket, fiel jo dan frij om de side om te neamen. We moatte hjir op 't lêst mei syn allen troch de tiid. Ieneach fan 'e Esk (talk) 27 jun 2013, 20.16 (CEST)[beäntwurdzje]