Oerlis:Skiednis fan Fryslân

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Literatuur


Fries Historisch en Letterkundig Centrum: http://www.tresoar.nl/

Oera Linda Boek: http://www.oeralindaboek.nl/

Artikel is in allegaartje[boarne bewurkje]

It artikel is op it stuit noch gien gehiel. It begjin stikje oant en mei de Romeinske tiid liket mei wol kreas, mar fierders moat der noch oan wurke wurde en der ûntbrekt ek noch in soad. As ik ynspiraasje ha sil ik der oan wurkje. Fiel jim frij om mei te dwaan om der in goed artikel fan te meitsjen. --Geoffrey 5 apr 2009, 21.06 (CEST)[beäntwurdzje]

Op it lêst moat dit it oersjoch wêze, mei aparte siden foar de fierdere útwurkings. Aliter 5 apr 2009, 23.11 (CEST)[beäntwurdzje]

Skiednis fan Fryslân of fan de Friezen[boarne bewurkje]

Moatte wy it artikel beheine ta de provinsje Fryslân of kin it wider lutsen wurde? Yn de ynlieding stiet no dat it oer de skiednis giet fan de bewenners fan de provinsje Fryslân, mar der wurd al skreaun oer it Prinsdom East-Fryslân. Dat stikje soe hjir dan net op syn plak wêze.--Geoffrey 3 jun 2009, 20.04 (CEST)[beäntwurdzje]

Docht der net ta, at it mar strykt. Sa't jo oanjaan, soe der in ûnderskie makke wurde kinne tusken in side oer de Skiednis fan Fryslân en ien oer de Skiednis fan de Friezen. De berjochten foar keppeling nei lytsere en gruttere ûnderwerpen koenen dêrby in help wêze. Aliter 5 jun 2009, 01.19 (CEST)[beäntwurdzje]
Der stiet net provinsje Fryslân, mar it gebiet dat hjoed de dei Fryslân hjit. Dat hoecht net in steatskundige grins te wêzen, it kin in geografyske grins wêze. Boppedat, hoe hjitte Noard-Fryslân, East-Fryslân, Grinslân, provinsje Fryslân en West-Fryslân hjoed de dei dan? Eartiids wie dat allegear Fryslân. Wat de skiednis fan de provinsje betreft, dat kin ek wol by it artikel oer de provinsje Fryslân. Ik tink dat de lêzers fan ús Wikipedia it tige nijsgjirrich fine om wat te lêzen oer de oare Fryslannen. --Kening Aldgilles 5 jun 2009, 17.51 (CEST)[beäntwurdzje]
Ja wis, yn de ferzje fan no stiet dat, mar in skoftke tebek wie dat noch net sa en dy ferzje hie ik yn gedachten. Ik ha earder oan de tekst wurke en in stik oer de prehistoarje tafoege (fan de provinsje Fryslân) en noch wat dat allegear te krijen hie mei ús provinsje. Wy witte allegearre wol hoe de skiednis fan de Friezen yn inoar stekt. Fryslân wie eartiids folle grutter. Mar neffens my kinne al dy skiednissen better ýoersjochtlik presintearre wurde, of mei ferwizings. Wêr’t it mei om giet is, om in side te hawwen oer de skiednis fan gebiet fan de provinsje Fryslân in artikel te hawwe op ús Wikipedy. Dan hast de skiednis fan dat gebiet moai byinoar. --Geoffrey 5 jun 2009, 22.15 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik bin mar sa eigenwiis west en haw no it ûnderskied oanbrocht.--Geoffrey 21 sep 2009, 21.56 (CEST)[beäntwurdzje]
In stikje út it konseptboekje oer de Kanon fan de Fryske Skiednis: As wy it oer Fryske skiednis hawwe, wêroer hawwe wy it dan? It docht bliken dat dêr noch net sa maklik in slutende definysje fan jûn wurde kin. It meast ienfâldich liket, Fryske skiednis te sjen as de skiednis fan de Nederlânske provinsje Fryslân. Mar dochs docht by neier ynsjen bliken dat dat net botte befrediget. Want der hawwe yn it ferline hiel wat minsken west dy’t harsels as Friezen seagen, mar alhiel net yn it gebiet fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân wennen. Mar boppedat: der binne ek hjoed de dei bûten dizze provinsje kriten mei de namme Fryslân/Friesland: West-Fryslân yn Noard-Hollân, East-Fryslân en Noard-Fryslân yn Dútslân en dan ek noch de Kreis Fryslân om Wilhelmshaven hinne. Dêrom kin de Fryske skiednis beswierlik beheind wurde ta dy fan de Nederlânske provinsje Fryslân.

Ik soe útstelle wolle om Fryslân oant 1500 as ienheid te presintearjen. Dêrnei fan de provinsje Fryslân út te gean mei hjir en dêr de belangrykste feiten út East- en Noard-Fryslân. --Kening Aldgilles 21 feb 2010, 17.01 (CET)[beäntwurdzje]

Sjoch ek http://members.chello.nl/~s.hiemstra/PDF/070206KerstH.Frieslandheeftzijneigenverhaal%5B2%5D.pdf --Streuper 26 apr 2010, 08.29 (CET)[beäntwurdzje]
Dat is yndied in nijsgjirrich stik Streuper mei in soad wichtige ynformaasje, bedankt --Geoffrey 27 apr 2010, 22.09 (CEST)[beäntwurdzje]

Artikel is te grut wurden[boarne bewurkje]

It artikel moat ynkoarten wurden, Wikipedy krijt problemen as bledsiden mear as 32 kb grutbinne. Is it in idee om de skiednis oant 1500 sis mar te beheine en dan de skiednis fierders te presentearjen op in oare side dat de skiednis jout fan ús provinsje? --Geoffrey 22 jul 2010, 08.43 (CEST)[beäntwurdzje]

De titel fan dizze side is 'Skiednis fan Fryslân' en dêrby heart dus de skiednis fan de regio Fryslân mei syn steatsnasjonale skiednis. De ynhâld fan it artikel kin wol better neisjoen wurde op feitlikheden. Net alles is fan belang, dêrom mar moai fierder diskusjearje oer it better staljaan fan de side. Gr. --Kening Aldgilles 13 mrt 2011, 10.02 (CET)[beäntwurdzje]

Ien side[boarne bewurkje]

Bêste minsken,

Dizze side is sa stadichoan in samling fan feitlikheden út de Fryske skiednis wurden. De measte ynformaasje dy't der yn stean moat stiet der wol yn, dêr is fierders ek neat mei te rêden. De ynformaasje foarmet nei myn fieling gjin ienheid. Miskien kin der noch in bytsje dien wurde oan it behoffenjen fan de yndieling en in trochrinnende tekst. Ik sil hjir de kommende tiid mei dwaande. Miskien binne der ek noch oaren dy't my dêrby helpe wolle? Groetnis --Kening Aldgilles 13 mrt 2011, 10.19 (CET)[beäntwurdzje]

Kurowski[boarne bewurkje]

Soe it net better wêze om Franz Kurowski út 'e bibliografy te heljen? Hy wie de histoarikus fan in SS-rezjimint. It boek sit fol misferstannen.Otto S. Knottnerus (oerlis) 1 nov 2023, 11.00 (CET)[beäntwurdzje]

Helje om my mar fuort--Geoffrey F (oerlis) 1 nov 2023, 12.08 (CET)[beäntwurdzje]
As Knottnerus gelyk hat kin dy boarne fuort. Mar kin de sin dy 't nei dy boarne ferwiist dan hanthavene bliuwe? Drewes (oerlis) 1 nov 2023, 17.37 (CET)[beäntwurdzje]
Der steane twa boarneferwizings efter dy sin. Kneppelfreed (oerlis) 1 nov 2023, 19.15 (CET)[beäntwurdzje]