Oerlis:Sacajawea

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

[sækǝʤǝ'wi:jǝ]; soe goed Sakajawea wêze kinne, dochs? Drewes (talk) 6 jun 2014, 20.03 (CEST)[beäntwurdzje]

Mmmwâh. Ien letter ferfryskje jout net sa'n soad, fyn ik. Want dan sitte wy noch mei de j dy't as dzj útsprutsen wurdt, en mei "wea", dat "wia" wurde moatte soe. Der bestiet al sa'n soad betizing oer de stavering, en ik haw mei sin dizze foarm nommen fan 'e trije besteande farianten, om't dizze (fan dy trije) it meast logysk is. (Je sizze yn it Ingelsk fan dzj, dus wêrom de namme dan mei in g skriuwe?)
Nei myn idee hat it gjin mearwearde om 'e stavering fan soksoarte Yndiaanske nammen te ferfryskjen (oars as Sitting Bull - Sittende Bolle, dêr't it folslein dúdlik is wat der barre moat). Dus om my hoecht it net, mar as de stavering dochs oan 'e Fryske útspraak oanpast wurdt, dan soe ik it ek daliks hielendal dwaan en der "Sakadzjawia" fan meitsje. Ieneach fan 'e Esk (talk) 6 jun 2014, 20.20 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik bin fan betinken dat Sakadzjawia like konsekwint is as bygelyks Sjaninne en Sû. Drewes (talk) 6 jun 2014, 20.29 (CEST)[beäntwurdzje]