Oerlis:Rome

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:Rome (stêd))

Ierdboltjse[boarne bewurkje]

Wat wolle wy mei dat Berjocht:Koördinaten? Sa't it no is, stiet it dêr mar allinnich ûnderoan de side. Moat dit ynformaasje jaan, of moat it in keppeling nei in oare wiki wêze? Aliter 21 mai 2007, 04.15 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik nim oan dat jo wol yn de gaten hawwe dat dit in keppeling is nei in side wêr't út ferskillende online kaarten programma's oerskeakele wurde kin om in kaart as satelytfoto fan it gebiet te sjen wêr't it ûnderwerp leit.
Jo brûke blykber net it standert Monobook oansjen, oars hie it ierdboltsje wol rjochtsboppeoan stean. Ik haw it oernaam fan :nl (op :de wurd it ek brûkt), om't ik it sels tige handich fyn om benammen de satelytkaart fan it doarp, stêd as wetter te besjen. Ik hie doe al swierrichheden om it op itselde plak te krijen as op :nl en doe betocht ik al dat dit allinnich yn Monobook wurket. Op nl hawwe se it oanpast dat dit ek yn oare skins wurket, mar dat is net yn alle skins like goed slagge.
No brûk ik altiten it standert oansjen, want it is allegear wol aardich dat dit oan te passen is mar as besiker dy't net oanmeld is krije jo dochs altiten monobook te sjen. Dêr moat fansels al rekken mei hâlden wurde.
Dat lêste is fansels gjin ekskús om it net yn Keuls blau enfsh. oan te passen mar dêr hie ik noch net oan tocht, ik sil hjir ris nei sjen.
Of hawwe jo noch oare prinsipjele beswieren tsjin dit berjocht, de ferwizing nei in seleksje fan online kaarten. Of miskien dat dy side net yn it frysk is? Theun 22 mai 2007, 17.55 (CEST)[beäntwurdzje]
(Monobook hat my te lytse letterkes) Myn probleem is fral dat dit ding twa dingen tagelyk besiket te dwaan:
  • Om de ynformaasje soe it earne boppeoan stean moatte. Guon Wikipedyen hawwe de köordinaten yn de stêdetabel opnaam, ús earste koördianten, by Stokholm steane op de ein fan it earste blok tekst.
  • Om de keppelings nei fierdere ynformaasje soe it by de keppelings om utens komme moatte.
Fansels is in wrâldboltsje mei in rychje sifers ek net sa yntuïtyf. Al mei al soe ik sizze dat it gehiel hjir minder is as de som fan de parten. Aliter 24 mai 2007, 03.38 (CEST)[beäntwurdzje]
De grutte fan letterkes is yn de measte blêdzjers wol maklik grutter te meitsjen (Ctrl +/++), mar ik nim oan dat jo dit ek wol witte.
Echt yntuityf is it eins ek net (hawwe jo wêr punten skoart), ik hie op :nl al wat opmerkings oer dizze fasiliteit lêzen, mar foardat ik de keppeling fûn hie wie ik ek al in skoftsje fierder. Ik siet earst mei de Koördinaten te klikken dy't yn de berjochten (sa as gemeente berjocht ensf.) te sykjen.
Ik hie earst ek oan dy bygelyks gemeente tabellen tocht. Dy tabellen binne der lang net foar alle geografyske objekten, dus ik haw doe de wurkwize fan nl mar oernaam.
Al mei al wie ik der sels ek net sa seker fan dat dit it no hielendal wie dus bin ik ek noch mar net begûn dit op gruttere skaal troch te fieren.
Foarstel:
  • Op siden mei tabellen, bygelyks in gemeentetabel, heakje wy de koördinaten ta en meitsje dermei in ferwizing nei it webstee mei de list fan geografyske websteeën.
  • Op siden sûnder dy tabellen meitsje wy in ferwizing yn de keppelings om utens. Mei de omskriuwing,
Kinne wy de webstee dy't troch Erik Baas makke is hjirfoar brûken bliuwe, of soene it better wêze te ferwizen nei de toolserver? Dútsk is no dochs in wat gruttere bariêre as nederlânsk tink ik.
Theun 24 mai 2007, 19.22 (CEST)[beäntwurdzje]