Oerlis:Muorre fan Hadrianus

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

De stavering is no al wat better wurden. Mar der is noch hieltyd in soad amtlik Nederlânsk op 'e side, dat is net noflik foar de lêzer. Hawar, de Friezen. Wy wurde no wer ris as Germanen neamd. Ik bin gjin Germaan, noait west. As der al Friezen binne dy't Germanen wêze kinne, dan is der in nij soart by kaam dêr't ik it bestean noch net fan wit. Nederlanners, Eastenrikers, Switsers, en Flamingen binne lykas de Dútsers in Germaansk folk. Wy Friezen net, wêrom net? Omdat der gjin bewiis is dat wy dat wol binne. Der hat al ris in bloedûndersyk west by ferskate groepen Friezen (East, West, Noard), dêr't bliken die dat wy net sa botte besibbe binne mei 'dy' Germanen. Der hawwe ek ûndersiken west nei it proto-Frysk (taal foar it âldfrysk). Dêr die ek út bliken dat it proto-Frysk in rike wurdskat hie dy't neat mei de Germaanske wurdskat te krijen hie. Groetnis Kening Aldgilles 27 july 07 00:20 CET

Wat de stavering oanbelanget, ik hoopje altiten de staveringsflaters derút te heljen, de ferfryske nederlânske wurden dy't gjin frysk binne (bygelyks steeds, metien, tidens), en de flaters yn de tiidwurdfolchoarder (ik hie noch ien stean litten). Somtiden besykje ik ek wol wat mear fryske sinskonstruksjes en útdrukkingen te brûken, mar as in tekst al (foar it grutste part) oerset is is dat wol ris lêstich en der moat je ek faaks wat mear ynspiraasje foar hawwe.
Ik fyn sels dat eltsenien dy't him foar de fryske taal ynteressearret en op syn minst lêze kin en efter de útgongspunten fan de wikipedia stiet mei dwaan mei. Hie hoecht om my net in Fries te wêzen, want ik tink dat elts dêr in oar idee by hat.
Oer de Friezen. Ik haw it idee dat jo dêr wol wat yn trochdrave yn it ferhearlikjen fan it fryske, en jo wat te bot ôfsette tsjin it nederlânske. Minsken dy't sizze Fryslân is in part fan Nederlân, dus dy Friezen moatte net sa lestich dwaan en gewoan nederlânsk prate en fierders net seure, dy hawwe der fansels ek gjin ferstoarn fan, lit dêr gjin diskusje oer wêze. No is myn idee fan it Fryske fansels woartele yn de provinsje Fryslân fan de lêste ieuwen. Myn idee by frysk is it westerlauwersk frysk, de fryske folksaard, keatse, fryske hynders, reedride en nim mar op. En ik tink dat mei de measte (westerlauwerske) Friezen der sa oer tinke. Ik haw mear mei oannommen bern út Afrika as Aazje dy't hjir yn Fryslân yn plat Klaaifrysk op it keatsfjild steane te roppen en te razen (dy besjoch ik ek as Fries) as mei de Noard of East-Friezen om't dat mear as 1000 jier ferline ien folk wie. Wy libje no en moatte sjen om wat wy no as frysk beskôgje te bewarjen en te hoedzjen, it hat gjin sin om werom te gean yn de tiid. (It is fansels wol goed foar de minsken om mear oer de skiednis fan de Friezen te witten)
No haw ik it idee dat minsken yn myn omjouwing my al as bot Frysksinnich fine, dus ik haw it idee dat jo idee fan it fryske by noch folle minder minsken libbet. No moatte jo dat sels witte hoe at jo dêr oer tinke mar ik soe it wol skande fine as jo minsken dy't dêr oars oer tinke as mindere minsken (of Friezen) sjogge. Theun 27 jul 2007, 22.09 (CEST)[beäntwurdzje]