Oerlis:Man (eilân)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:Man)

Foardat immen deroer begjint, wol ik hjir alfêst mar even sizze dat it eigenskipswurd, dat by Man heart "Manksk" is:

  • yn it Ingelsk: Isle of Man - Manx - Manxmen
  • yn it Nederlânsk: Man - Manx - Manxen
  • dus yn it Frysk: Man - Manksk - Manksen.

Woadan 16.42, 25 des 2005 (UTC)

Ja, dat is sa. Mar dat meie ús lêzers ek wol witte, hear. Aliter 03.32, 26 des 2005 (UTC)
(Ik haw it tafoege oan it stikje oer de taal.) Aliter
Ik bin der no net mear wis fan. Fan de oare talen dy't -sk brûke hawwe de Noardseetalen gewoan Mansk, wat it oarspronklike wurd is. Fierders hat Sweedsk it as in aparte taalnamme, "Manx", oernaam, lykas "Latyn" of "Esperanto". Hast net ien skriuwt "Manksk". Moatte wy it ús dan lêstich meitsje allinnich om't dy Man-lju de -sk net sizze kinne? Aliter 23.19, 29 des 2005 (UTC)
Och, sa lestich is dat dochs ek wer net en persoanlik fyn ik dy x oan 'e ein wol in sjarmante foarm. It komt allinne yn it Frysk in bytsje beroerd út om't wy de x net brûke meie. Mar och, hoefolle minsken sille dit wurd brûke? It liket my dat wy hjir better mar oan fêst hâlde kinne. (En at je dy k fuorthelje, hoe ferbûge jo it wurd dan? Ik bedoel, hoe tsjutte jo dan in Manksman oan (Mansman? Dat wol der by my net yn.) Woadan 09.18, 6 jan 2006 (UTC)
Ik tocht mear de oarspronklike ferzje, en it Frysk, te folgjen:
  • Man - Mansk
Ien dy't fan it eilân komt is almeast in -er. Mar "Manner" past net, dat it soe "Mansker" wurde, tink. Mar "Manskman koe fansels ek".
Aliter 00.48, jan 16, 2006 (UTC)
Ik sjoch dat Aliter nei boppesteand oerlis syn sin trochset/krigen hat. Tsja, dit wol my net oan. De arguminten dy't Woadan oanfierd foar de foarm "Manksk" binne stekhâldend, wylst we, as we it diene sa't Aliter it wol, ek de earste k út "Gryksk" helje moatte soene. Ik fyn dat je âlde foarmen net opjaan moatte om't dat makliker is: de lju moatte har mar even ynspanne, we hoege op 't lêst net foar loaibûsen te caterjen.
Boppedat is "Mansk" problematysk op it mêd fan de Fryske fonology. In koarte nasale a (ɔ), sa't Aliter wol, bestiet net yn it Fryske klanksysteem; sa'n letter soe automatysk lang wurde ("Mânsk") en sa'n wurdt hat it Frysk al en dat betsjut hiel wat oars. Ieneach fan 'e Esk (talk) 3 jan 2013, 18.32 (CET)[beäntwurdzje]
Bin it mei jo iens. Fiel jo frij. Drewes (talk) 3 jan 2013, 18.41 (CET)[beäntwurdzje]

In nije side en no is er al te lang. It is net oars. Kinne wy faaks de skiednis oernimme op in side Skiednis fan Man? En dan hjir op de side in koarte ferzje mei ús earste "Selstanniche side"-keppeling derby. Aliter 23.19, 29 des 2005 (UTC)

In aparte side foar de skiednis soe kinne. Mar ik sjoch it probleem net sa. Doe't it systeem my warskôge dat de side te lang wie om yn syn gehiel upload te wurden, haw ik dat gewoan yn twa stikken dien. En as lju der wat oan feroarje wolle, kin dat dochs per seksje? Woadan 09.20, 6 jan 2006 (UTC)

Nee. Net allinnich hat net eltsenien seksjebewurking, mar it probleem leit op himsels net yn it bewurkjen mar yn de langte fan de side. Der binne hieltiid noch minsken op it Ynternet mei programmatuer dy't siden langer as 32K net oan kin. Faaks wichtiger is dat in side, foar transport en foar lêsberens net ûnbeheind waakse kinne. Almeast wurde siden allinnich mar langer, dat der soe in tiid komme dat immen dy't allinnich witte wol wat de MCP foar in partij wie dêr 100 K of mear foar ophelje en trochlêze moat. Dat wy moatte in mjitte hawwe foar siden, en dan is dy 32 K in gaadlike langte. (At jo de langten fan siden besjen wolle binne der bysûndere siden foar lange en koarte siden.)

Ik moat al noch dúdlik meitsje dat dit net de earste side is dêr't in part fan ôfsplitte is. Der binne lykwols noch net folle fan dy siden, en oarspronklik is dit dien mei in keppeling op it kopke fan de seksje dêr't in side foar is, mar it docht bliken dat dat mei dit sideoansjen net botte dúdlik is. Dêrom stel ik út dat wy dizze kear lykas op de oare wikipedys in keppeling "Der is ek in selstanniche side oer <namme>." fan meitsje. Of in oare tekst - it eins net hielendal in selstanniche side fansels. "Mear hjiroer op de side <namme>."? "Hjiroer is ek in side <namme>."? "Mear op de side <namme>."? "Der is ek in side <namme>."? Aliter 00.48, jan 16, 2006 (UTC)