Oerlis:Maastricht

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Is it oantal ynwenners yn twa jier tyd tebek rûn yn Maastricht?--Geoffrey 27 apr 2008, 12.19 (CEST)[beäntwurdzje]

Neffens gegevens op de gemeenteside www.maastricht.nl/maastricht/show/id=154497 rint it al sûnt 2004 werom. Swarte Kees 27 apr 2008, 12.48 (CEST)[beäntwurdzje]

Friethôf[boarne bewurkje]

Der is krekt in ôfbyld ferfongen. Wat is in bettere illustraasje, útgeande fan dat ûnderskrift?

De "Vriethof" yn Maastricht
De "Vriethof" yn Maastricht


Mar eins is de fraach mear: hokfoar ôfbyld moat der op de side, en hokfoar ûnderskrift moat der dan by (en hoe wurdt de namme stavere)? Sels soe ik op in foto fan it Friethôf dochs wat mear hôf op de foto hawwe wolle, en in dúdliker gebrûk as ien autootsje as trije kuierders. ~~

Hat Vrijthof-> Friethof in histoaryske eftergrûn om ei->ei te feroarjen?. De foto lofts is by Fjoerfoks en I.Explorer folle skerper, mar by de rjochter foto liket de ymposante basilyk it ûnderwerp ynstee fan it plein. --Swarte Kees 20 jun 2009, 23.01 (CEST)[beäntwurdzje]

Núver, krekt om't it skerper is jout my de lofter mear it idee dat it in foto fan de gebouwen is; de ûnskerpens jout dan teminsten in idee fan romte. Mar fansels kin ek it ûnderskrift oanpast wurde oan de foto.

Ik hie allinnich de stavering oanpast fan wat der yn it Maastrichtersk stie; mar soe in Fries al as net besykje dit yn it Hollânsk as Limboarchsk te sizzen? Vrijthof is itselde wurd as Friedhof yn it Dútsk; skynber is it yn nl meinaam yn de oergong fan y nei ij, mar nei komôf heart it dêr net by. It is mear itselde wurd as freedzje, dat yn it Frysk net de betsjutting hat fan it hoedzjen dat it yn oare talen al hat. Of it moat wêze dat it dat yn it wurd(part) ferd hie.) Sa sjoen koe it ek Friedhôf as Freedhôf wëze. Ik wit sa net in Frysk foarbyld, of wy moatte fansels nei Ferwert - feer-wert, dêr't it feer yndie in betsjutting hat as dy fan Friedhof. Dër hjit it plein lykwols Vrijhof yn it nl, sûnder it karakteristike sletten wurdlid. Aliter 21 jun 2009, 00.33 (CEST)[beäntwurdzje]

Vriethof?[boarne bewurkje]

Vriethof, Friedhôf, Freedhôf of Vrijhof? Yn 'e frede, asjebleaft Vrijthof, dat is de namme fan it plein! Drewes (oerlis) 7 nov 2023, 19.41 (CET)[beäntwurdzje]