Oerlis:List fan hearskers yn Fryslân

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wer binne de boarnen fan al dizze hearskers? It lyket my in soad fantasy--Geoffrey 14 feb 2007, 21.32 (CET)[beäntwurdzje]

It is in oersetting fan nl:Lijst van heersers van Friesland. Der steane twa boarnen op it ynternet by. It legindaryske part is fansels fantasy, ik hie de trije bruorren Friso, Bruno en Sakso hjir ek wol ferwachte. Ik haw my noch nea yn de skiednis fan de iere midsieuwen en derfoar ferdjippe dus ik wit hjir ek net folle oer te sizzen. Moat wol wat oan gebeure tink ik. Theun 14 feb 2007, 21.41 (CET)[beäntwurdzje]
It komôf fan dy nammen is neffens my net "Legindarysk" mar út it beskate boarne: it Oera Linda Boek. At dy hjir al opnaam wurde, dan soe it kopke oanpast wurde moatte. Mysha
Der skine noch hieltiten minsken te wêzen dy't dat boek foar wier hâlde, mar ik tink net dat wy dat útdrage moatte. No is it wol sa dat de makkers fan it Oera Linda Boek wol in ferskaat oan boarnen brûkt hawwe, bygelyks de skiednis fan Ocko Scarlensis. Mar it is fansels allegear fantasy. Theun 15 feb 2007, 17.09 (CET)[beäntwurdzje]
Kinne wy dan net better twa listen meitsje, ien list mei historiske hearsers dy't echt bestean hawwe en in oare list fan hearsers neffens it Oera Linda boek?--Geoffrey 16 feb 2007, 23.34 (CET)[beäntwurdzje]
Is it listje keningen fan Skiednis_fan_Fryslân#Keningen net kompleet, al dy oare eardere nammen, hawwe dy ek net eat fan legendarysk? At dat part fan wat no legendarysk is allegear út it Oera Linda Boek komt (en net fan oare boarnen) dan soe dat better as in list by it Oera Linda boek passe. Fan beide boarnen dy't op :nl neamt wurde kin ik nearne fine wêr oft dy ynformaasje weikomt. It is dan fansels ek lêstich om de steat fan dizze ynformaasje te beoardielen. Theun 17 feb 2007, 11.16 (CET)[beäntwurdzje]
Ik sjoch it sa, wy binne de Fryske wikipedia, dus minsken tinke by us ensyklopedise ynformaasje te kinne fine. Wy moatte der foar soargje dat alles kloppet. By dizze side moat neffens my stean te komme dat der in soad fantasy namme fan hearskers by sitte. De nammen fan hearsers dyt echt bestean hawwe, moatte wy hjir dus foart helje. It moat yn eltsgefal dudlik weze--Geoffrey 17 feb 2007, 16.10 (CET)[beäntwurdzje]

Sykje de nammen mar op in internet, oars mar in Tresoar, dizze liste is wol dudelyk. Het Het Oera Linda-boek ISBN 90-6550-841-4, Goffe Jensma, 448 blz., 2006, Prijs: €28. Dit boek wurd noch oer praat, it is net wis dat het net wir is. Boarne ut dit boek moatte fansels ek ut in oare boarne komme, foar it Wiki-waardich is. Les ek mar efkes de discussie op http://nl.wikipedia.org/wiki/Overleg:Lijst_van_heersers_van_Friesland Bornestera 25 feb 2007, 07.23 (CET)[beäntwurdzje]

Wat bedoele jo mei, 'dizze list is wol dúdlik'? Dat parten fan dizze list ek op in stikmannich plakken op it ynternet te finen is? It is fansels in eigenskip fan it ynternet dat misse ynformaasje like maklik te kopiearjen is as ynformaasje dy't wier is. Ik lit my graach oertsjûgje mar dan wol graach mei konkrete foarbylden. :De boarne moat dúdlik wêze, net it oantal kearen dat in list op it ynternet te finen is. By Tresoar kin ik hjir neat oer fine, oer sa'n list?
Hjir fyn ik in boarne foar de list fan keningen, in boek (Worldwide Compedium of History) fan in lid tsjerkemienskip yn Amearika. Hy hat studearre oan de en:Ambassador College skoalle fan dizze mienskip en syn boek wurdt blykber al fan sein dat it net tige serieus naam.([1] For example, though often ridiculed these days for early works such as his Compendium of World History, I believe he himself considered them “immature.”). Soe dit de úteinlike boarne wêze?. Ik wit it net, fertel it my mar.
Wat it Oera Linda Boek oanbelanget, ik nim net oan dat jo beweare dat Goffe Jensma tinkt dat it mooglik is dat dit in tige âld boek is ynstee fan in optocht boek út de ein fan de 19e ieu.
De diskusje op de nederlânske stiet fansels gjin nije ynformaasje op, allinnich dat jo jo trochrinnende mieningsferskil mei Bouwe Brouwer wer dúdlik meitsje wolle. Ik sjoch dat jo my hjir foar simpel ferslite. Dat fyn ik dochs wol in bytsje spitich. Myn opmerking Mar it is fansels allegear fantasy is miskien wol wat koart troch de bocht. At in boarne net betrouber is wol dat fansels net sizze dat alles wat der ynstiet fantasy is. Ik doelde dêr eins mear op it part fan de list fan dy folksmemmen.
Ik haw noch efkes jo lêste kommentaren besjoen (en jo oerlis op nl). Op himsels bin ik it mei jo iens dat de tekst dy't yn in ensyklopedy safolle mooglik de wurklikheid beskriuwe moat, en net it idee dêroer fan it grutste part fan de ynternetbefolking. Mar foar saken dy't sa fier yn it ferline lizze is it fansels lêstich om te bepalen wat de wurklikheid west hat. Ik tink dat it dan saak is om dernei te stribjen om it idee wer te jaan sa as de skiedkundigen tinke dat it west hat. En sprekke dy mekoar tsjin dan miskien biede ideeën oan te jaan. Theun 25 feb 2007, 17.21 (CET)[beäntwurdzje]
Jo sizze it sels al: "At in boarne net betrouber is wol dat fansels net sizze dat alles wat der ynstiet fantasy is" Derom moat der wol in twade boarne weze. Ik ferslit jo net foar simpel, allinig minsken di't dizze methoden brukjen foar eigenbelang. Foar it Oera Linda Boek: Goffe Jensma jout sels oan dat de skriuwer in soad kennis hie fan de fryske Historie. Spitich is it nou in grutte "stoorzender" in de alde historien. Wat komt ut it Oera-boek en wat net... En wat is ourskruwn en wat net ? En myn opponent in'e NL-wiki besiked nou it Oera-Linda in'e hoeke van de Nazi's te drukken. Sjog mar nei de leste link die hij der skruwn hat.Bornestera 26 feb 2007, 08.13 (CET)[beäntwurdzje]

Ik haw mar efkes op :nl in reaksje delset, op twa plakken diskusearje sjit fansels net op. Theun 26 feb 2007, 22.28 (CET)[beäntwurdzje]

allinnich de nammen fan de hearskers dy't werklik bestean hawwe[boarne bewurkje]

Ik stel foar om op dizze list allinnich dy hearskers te neamen dy't werklik bestean hawwe en alle oaren op in list fan List fan legindaryske hearskers yn Fryslân te setten. Wat fine oaren hjirfan? --Geoffrey 23 sep 2007, 19.06 (CEST)[beäntwurdzje]

Liket my in goed ding. Soe de beide siden al wat by inoar "yn'e buert" sette sadat besikers fuort sjogge dat der ûnderskied makke is tusken "echte" en legindaryske hearskers.Groetnis,Swarte Kees 23 sep 2007, 19.12 (CEST)[beäntwurdzje]

Fergelyk mei side fan nl[boarne bewurkje]

Ik ha dizze side ris efkes fergelike mei dizze side fan de Nederlânske wikipedy. Ik freegje my ôf wêr’t de ferskillen yn sitte. Is dat yn de ‘Legindaryske lieders’? Of is dat ergens oars yn? J'88 22 apr 2008, 18.09 (CEST)[beäntwurdzje]

Kloppet, de legindaryske hearsker stean der net tusken. Allinne de hearskers dêr't fan wis is dat se bestean hawwe. --Geoffrey 22 apr 2008, 19.26 (CEST)[beäntwurdzje]