Wikipedy oerlis:Kwissipedy

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:Kwissipedy)

As it goed is rint de Kwissipedy no, by myn witten bestiet soks net net op oare wikipedia's. De útwurking kin fansels altiten noch folle mear útwreide wurde. Mar de opset is om minsken yn de kunde komme te litten mei de Wikipedy en net sasear om in profesjonaal soarte kwis te meitsjen. As besikers ien kear op nijsgjirrige siden komme kinne dat mooglik meidoggers wurde. Yn dizze opset kinne ek opdrachten binnen de Wikipedy makke wurde op it mêd fan Skiednis-Sport-Gemeenten-Tsjerken-..... Beswier is dan al dat der in wyldgroei oan logootjes nedich binne, op elke side dêr't nei trochlinkt wurdt ien.
In oare opset fan soe wêze:

  1. gjin multiple-choice mar iepen fragen
  2. letters keppelje oan antwurden en mei dy letters troch elkoar grieme lykas by 2 FOAR 12
  3. stikjes fan in side kopieare en dêryn it antwurd ferstopje

--Swarte Kees 29 des 2010, 13.55 (CET)[beäntwurdzje]

Ik fyn it in machtich plan Kees. Tink dat soks noch wol in ferfolch krijt op oarstalige wikipedys. Myn kompliminten. Litte wy it earst marris sa hâlde ynstee fan no al oare kwizzen foar beskate kategoryen te meitsjen. Misskien dat de kwis op de ien of oare manear wat omtinken op de haadside krije kin. J'88 29 des 2010, 14.39 (CET)[beäntwurdzje]
Moai wurk Kees! Der moat wol in ferwizing op de haadside; besikers moatte witte dat de kwis bestiet. Drewes 29 des 2010, 14.49 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw in berjocht oanmakke foar de Kwissipedy mei as basis it berjocht oersette. It berjocht kin noch wat oanpassing brûke, mar ik tocht dat it miskien wol wat wie om it berjocht ûnder of boppe oan de haadside te pleatsen, dan mooglik oer de folle breedte fan de side. Yn dat gefal moat der noch al wat mear tekst yn, want oars liket it net moai, sa'n brede balke mei kwealik wat tekst deryn. Mooglik kin it Wikipedy-logo of Kwissipedy-logo ek noch rjochts in de balke komme. J'88 29 des 2010, 15.14 (CET)[beäntwurdzje]
In berjochtsje yn de rjochter kolom is bêst genôch..--Swarte Kees 29 des 2010, 16.31 (CET)[beäntwurdzje]
It berjocht kin sa oanpast wurde dat it yn de rjochterkolom passe moat. Misskien dat op dat plak fêste romte ûntstien kin foar sok soarte saken. J'88 29 des 2010, 16.34 (CET)[beäntwurdzje]
Hiel leuk idee, ik sil ris sjen oft ik ek wat fragen betinke kin. --Geoffrey 29 des 2010, 17.21 (CET)[beäntwurdzje]
Noch efkes wat. Soe de Kwissipedy net in 'wiki'-side wêze moatte? No is it in ensyklopedyske side wylst it dat eins net is. J'88 29 des 2010, 23.12 (CET)[beäntwurdzje]
Wat soe der dan oanpast wurde moatte?--Swarte Kees 31 des 2010, 09.11 (CET)[beäntwurdzje]
Lykas by in berjocht, mar dan begjinne mei wikipedy, dat it soe dan wikipedy:Kwissipedy wurde moatte neffens my. J'88 31 des 2010, 13.50 (CET)[beäntwurdzje]
Noch efkes oer it begjinstik fan Kees hjir. Puntsje twa, dat it in soarte fan Twa-foar-tolve wurdt, soe wol wat wêze tink ik. No binne op los fan elkoar besteande fragen, dan foarmet it ien gehiel en moat der wat by puzzele wurde. It is al in stik swierder om soks in elkoar te krijen, mar de útdaging fan de kwis wurdt dan al wurdt grutter. J'88 9 jan 2011, 22.37 (CET)[beäntwurdzje]
Moai dat jo s mei tinke. Lit ús dit earst marris besykje. Doel is om minsken kennis meitsje te litten mei de Wikipedy mei de klam op -Pedy. As blykt dat der ferlet fan mear is dan kinne wy wat mear de klam op Kwis- lizze.--Swarte Kees 9 jan 2011, 22.59 (CET)[beäntwurdzje]
Dat bin ik folslein mei jo iens. Bin benijd wannear't oare Wikipedyen dit oernimme geane. It liket mei in fantastysk konsept ta. J'88 9 jan 2011, 23.02 (CET)[beäntwurdzje]
Okkerdeis ha’k by tafal fernomd dat der op nl: ek in WikiQuiz west hat en ha dêroer oerlis hân mei Romaine. Opset wie ek om besikers boartsjendewei de Wikipedia ferkenne te litten. Uterlik en ynhâld wienen oars as de Kwissipedy (der wie bg. gjin multiple-choice) mar de antwurden wienen dêr ek werom te finen op de wikipedia. De WQ stamme út de ierste faze fan de wiki doe’t op nl: noch gâns mear eksperimintearre wurde koe. Mei it groeien fan de wikipedia waard de belangstelling minder,de Nederlânske Wikipedia wie in ynstitút wurden: guons fûnen de ikoantsjes op de siden net winsklik en oaren fûnen dat de Wikipedia gjin kwis wie mar in ensyklopedy. Op it lêst waard de kwiis net folle mear spile en is de WikiQuiz argivearre. De Kwissipedy is dus fan belang oant de Fryske Wikipedy ‘grut’ is, dus algemien bekend is, mar de klam moat op –pedy lizzen bliuwe.--Swarte Kees 23 jan 2011, 18.51 (CET)[beäntwurdzje]

In pear punten[boarne bewurkje]

Bêste meidoggers,

De Kwissipedy fyn ik in prachtich inisjatyf.

Ik ha der efkes oer neitocht, mar ik sit mei noch wat fragen.

  • As der in ferkeard antwurd jûn wurdt komme minsken oer in omwei wer werom op de Kwissipedy-side. Wat wurdt hjir no krekt mei bedoelt? Moatte minsken dan op it logo klikke om te sjen oft it antwurd goed is? En as it antwurd dan goed is, komme de minsken dan direkt werom op de side?
  • Wêr op de haadside moat in ferwizing nei de Kwissipedy komme? Graach goed oer neitinke.
  • Ik sjoch no dat der allinnich fragen oer Fryslân op stean. Wy meitsje in iepen ensyklopedy, dêr't de ynhâld fan frij en fergees te brûken is. Ik soe graach ha wolle dat der ek fragen oer oare tema's op stean. Us Wiky hat ommers noch mear te bieden as Fryslân allinnich. Ik tink oan Wittenskip & Technology, Geografy, Skiednis en Minske & Mienskip.

As der op myn boppesteande fragen antwurden komme, en de Kwissipedy fierder útwreide wurdt, dan wol ik wol nei de opset sjen en de Kwissipedy in moai plak op de haadside jaan. Dit inisjatyf is fierstente moai om net goed útwurke te wurden. Lit ús noch in stapke fierder gean. Ik bin benijd.

Groetnis --Kening Aldgilles 9 jan 2011, 13.06 (CET)[beäntwurdzje]

Der binne in tal fragen fan bûten Fryslân by setten oer stêden, Olympyske Spullen, Muzyk en Wolkekliuwers. Kwisspilers bedarje dan automatysk ek op de Topsiden lykas Melbourne. Soks koe no daliks meinomd wurde. De ferwizing soe earje yn de rjochterkolom moatte Sjoch oerlis hjir [1]. Wy kinne letter wolris sjen oft der mear fragen bymoatte, earst marris sjen wat besikers der fan fine. It Berjocht:Kwissipedy is al oanmakke troch J'81. Ek de spulrigelbeskriuwings binne noch dúdliker makke dat no eltse besiker oan de slach kin. Earst mar oan de gang dan wiist it himsels --Swarte Kees 9 jan 2011, 20.17 (CET)[beäntwurdzje]
OK. Wy litte it tal fragen earst mar stean. Ik woe leaver ta op in wat ynteraktivere kwis, mei elke moanne nije fragen. Kwissipedy is net in side/artikel fan ús Wikipedy, dêrom ha ik de Kwissipedy ferskood nei Wikipedy:Kwissipedy. Dan noch wat oars, is it kwissypedy of kwissipedy? Ik seach nammers ek noch wat bryk Frysk op dizze side Wikipedy:Kwissypedy. In 'fout' is yn it Frysk in 'flater' (sis ik amper, mar ik soe leaver it wurdboek brûke ynstee fan diskusjes te begjinnen). De kwissipedy liket fisueel noch nergens nei, mar dêr wol ik letter wol nei sjen. Groetnis --Kening Aldgilles 11 jan 2011, 18.11 (CET)[beäntwurdzje]
Troch it fuortsmiten fan in tal siden rint it programma net mear. Ik sil ris sjen oft ik it wer ynoarder bringe kin...--Swarte Kees 11 jan 2011, 19.39 (CET)[beäntwurdzje]
No rint it wer. It ûnderskied tusken wol/net y yn de midden is krekt bepalend foar goed/foutmelding--Swarte Kees 11 jan 2011, 19.45 (CET)..[beäntwurdzje]

Dea projekt[boarne bewurkje]

Swarte Kees syn Kwissipedy wurdt net mear ûnderhâlden sûnt er net mear meidocht. Moat it wol bleauwe? Drewes (oerlis) 9 jan 2018, 23.05 (CET)[beäntwurdzje]