Oerlis:De Pomp

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:Kollumerpomp)

fan nl-Wiki:

Tekst is met toestemming overgenomen van http://www.kollumerland.nl/, zie Overleg:Kollum - cicero 19 jun 2005 21:34 (CEST)

Neffens it Frysk Hânwurdboek en it webstee fan de gemeente Noardeast-Fryslân is De Pomp de Fryske namme foar dit doarp. Kollumerpomp wurdt fansels ek brûkt, mar der liket in dúdlike foarkar foar De Pomp te wêzen. Is it dan net better om dy namme hjir oan te hâlden as primêre foarm, bygelyks yn de titel? Yn de ynlieding kin dan wol dúdlik makke wurde dat Kollumerpomp in alternative foarm is. Magna Frisia (oerlis) 4 mrt 2021, 12.38 (CET)[beäntwurdzje]

Om my is it bêst. Mar ik bin dy kanten út ek net sa bekend. @Drewes:, wat sizze jo? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 mrt 2021, 22.50 (CET)[beäntwurdzje]
@Magna Frisia en Ieneach fan 'e Esk: Ik kom út it noardeasten fan Fryslân en trije generaasjes manlike line fan heitekant komme út Kollumerpomp. By ús seine wy dat pake yn 'Kollumerpomp' berne wie. Mar goed, dat seit net alles. Kollumerpomp is wol gongber, mar De Pomp faaks ek yn Kollumerlân en omkriten. Ik haw gjin beswier tsjin omneamen. Drewes (oerlis) 4 mrt 2021, 23.25 (CET)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed, RomkeHoekstra, Wutsje, en Drewes: As it omneamd wurdt, moatte fansels de kategoryen ek mei, en dat wurdt my no te let. Dêrom woe 'k mar fan 'e need in deugd meitsje en ûnderwilens oaren freegje oft dy ek noch wat bydrage wolle oan dizze diskusje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 mrt 2021, 23.33 (CET)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed, Magna Frisia, Wutsje, Drewes, en Ieneach fan 'e Esk:Neffens my wurdt 'De Pomp' hiel lokaal brûkt. Ien of twa doarpen fierderop is it tink ik al Kollumerpomp. Miskien falt it wat te fergelykjen mei Surhústerfean (dat yn de omkriten in soad 't Fean' neamd wurdt) of Gerkeskleaster ('koartwei 'Kleaster). Mar fierders makket it my wier neat út en ik fyn 'De Pomp' poerbêst.--RomkeHoekstra (oerlis) 5 mrt 2021, 08.37 (CET)[beäntwurdzje]
Ik ha der fierder net in sterke persoanlike miening oer (sterker noch, ik sis sels meastentiids ek Kollumerpomp), mar as it Frysk Hânwurdboek, de Gemeente Noardeast-Fryslân en it plaknammeboerd it oer De Pomp ha, dan liket it my dat wy dêr wat mei moatte. Magna Frisia (oerlis) 5 mrt 2021, 10.32 (CET)[beäntwurdzje]
It makket om my ek neat út. Ik bin net bekend yn dy omkriten, mar fan wat ik de oer heard hat wie almeast "Kollumerpomp". Mar kreksa wat @Magna Frisia: seit, dat it offisjeel "De Pomp" hjit, sille we it wol omneame moatte.--Kneppelfreed (oerlis) 5 mrt 2021, 17.32 (CET)[beäntwurdzje]
No, ik sil der mar fan útgean dat sa njonkelytsen elkenien dy't dat wol syn sechje dien hat. Om't der eins gjin beswier is tsjin 'e omneaming, moat it mar wurde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 mrt 2021, 16.48 (CET)[beäntwurdzje]
Foar de kategoryen Berne en Stoarn haw ik mar "yn De Pomp" dien. As der immen is dy't fynt dat it "op De Pomp" wêze moat, dan moat dyselde him even oppenearje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 mrt 2021, 16.52 (CET)[beäntwurdzje]