Oerlis:Keatsen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

If wit dat keatsen âld is. Mar om sizzen te kinnen dat it de âldste balsport is, moat men ek fan oare balsporten witte dat se jonger binne. Hoe is dat hjir? (Aliter)

Och in nuansearring mei om my ek wol, mar neffens my is it sa. Al moat ik earlik bekinne dat ik oare balsporten der net op neisjoen haw. B.

(Nuver, ik tocht dat ik hjir wat skrean hie doe't ik de side feroare.) Goed, ik haw der in "it wurdt sein"-ferzje van makke. Ik haw it tal fan keppelings wat fermindere: It is meast genoch en doch da dt de earste kear dat in wurd yn de tekst stjiet. Komt dizze tekst úteins út by Hjoeddeis keatsen, Frysk spul? (Aliter)

H'm dus ien kear in keppeling is genôch. It hjoeddeisk keatsen is fansels mear as it Frysk spul, mar it is wol it doel om dêr in wichtich part oan te besteegjen: Spulrigels yn it koart, winnerslisten (PC, Freule, Bûnspartijen, klasseminten)koarte stikjes oer topkeatsers ensfh. B.

(Ik hie "Hjoeddeis keatsen, Frysk Spul" brûkt om't it gjin "Daamjen, Frysk spul" wie.) Mar dat oer dat part wat noch komt wie om't we no in moai stik oer de skiednis fan it muorrekeatsen hawwe, mar der is ek in keppeling nei muorrekeatsen. As dizze side oer Frysk spul giet, soe dat part fan de skiednis dan oer moatte nei in side spesjaal oer muorrekeatsen?

Neffens my rint de skiednis fan it Fjild- en Pleinkeatsen aardich lyk op mei dy fan it muorrekeatsen dus wat my oanbelanget kin dat wol op de skiednis side bliuwe. Ik beskik oer in folsleine Fryske ferzje fan de spulregels fan it Ien-muorrekeatsen. Is it wat om dat te pleatsen of giet dat te fier? B.

Wel, foar no soe ik sizze, dat in side mei in omskriuwing genôch wie. De Wikipedy is in ensyklopedy oer al it witten, mar we bin noch yn it stadium wêr de gatten grutter binne as it himd, dus faaks is it wat folle en skriuw alle regels. As jo der aardichheid yn hawwe, dan kin it fansels al, mar dan wie it faaks better en foegje earst de regels fan it Frysk spul ta, dan kinne de mensken ek sjen wat de ferskillen en oerienkomsten binne. Aliter (As jo wolle kinne jo jo oanmelde (al wie it mei de brûkersnamme 'B.'), dan wurde jo tafoegings mei jo brûkersnamme oanjûn, in stee fan in rychje nûmers, en kinne jo ek dizze signatueren en oare eigen ynstellings brûke.) Aliter 21.01, 25 okt 2003 (UTC)


Ik haw wat kopkes oanbrocht yn de skiednis om't it in stik langer wie as de parten fan it stik oer it Frysk spul. It liket my ta dat daalks oan it begjin fan it Frysk spul nog eat sein wurde moat dat oanjout dat it gjin muorrekeatsen is, mar ik kin hjoed de wurden net fine. Aliter 00.24, 7 nov 2003 (UTC)


some more modalities: http://ca.wikipedia.org/wiki/Joc_de_pilota

A simple question[boarne bewurkje]

How do you pronounce the word "Keatsen"? --HannaLi 21 apr 2009, 13.30 (CEST)[beäntwurdzje]

The word sounds like
['kIətsən]
Wutsje 21 apr 2009, 14.39 (CEST)[beäntwurdzje]
Maybe
['kIˑətsən]
? Aliter 21 apr 2009, 18.52 (CEST)[beäntwurdzje]
Thank you so much for answering my question, Wutsje and Aliter! I heard of this sport for the first time, when I read a handball history book. I've got interested in it, because it sounds exciting, then found an article at English Wikipedia. As I couldn't find any explanation how it is pronounced in Frisian, your comments are both helpful. Thank you again. --HannaLi 21 apr 2009, 23.08 (CEST)[beäntwurdzje]