Oerlis:Julius Agrikola

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Nei in bestjoerlike funksje yn Rome folge it befelskipt.

Faaks is dat lêste wurd goed, mar ik ken de betsjutting net.--romke fan tomke 16 okt 2007, 15.58 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw it wurd sels delskreaun, en sit der no ek wat nuver nei te sjen. It klopt yndied net hielendal. It komt er yn eltsgefal op del dat it befel krige oer it leger yn Brittanje. --Geoffrey 16 okt 2007, 22.00 (CEST)[beäntwurdzje]
Moat it oars gjin "befelskip" wêze? Aliter 17 okt 2007, 02.36 (CEST)[beäntwurdzje]
Is befelskip wol in frysk wurd?--Geoffrey 17 okt 2007, 16.06 (CEST)[beäntwurdzje]
No, as Aliter it seit kin men dêr wol fan útgean. Mar ...de befelfiering oer ... soe ek kinne, en oars ...befelhawwerskip... as jo dat moaier fine.Swarte Kees 17 okt 2007, 16.55 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw it wurd nea earder heard. mar "-skip" is ien fan dy einen dy't hast oeral oan taheake wurde kinne. Ornaris wurdt hjirfoar ek "befel" brûkt; dêrom is it in "befelhawwer". Mar jo hawwe gelyk dat der ferskil is tusken in hyt en it oanfieren fan in groep lju, dat at jo dy kombenaasje meitsje wolle is der grif nimmen dy't der bjuster nei opsjocht. Mar at jo gjin "krije" skriuwe dan kin it fansels allegear makliker: Hy "waard befelhawwer", of "waard beneamd ta befelhawwer". Aliter 18 okt 2007, 06.39 (CEST)[beäntwurdzje]