Oerlis:Heiligenberg (Leusden)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik fyn dat der dochs is wat feroarje moat oan de oersetting fan landgoed. Zantema hat it oer bûten of bûtenpleats. Ik sondigje sels ek wolris op dit punt mei lânguod, mar soenen wy net ôfsprekke kinne hoe't landgoed oerset wurde moat? Drewes 4 aug 2010, 17.21 (CEST)[beäntwurdzje]

Dat is wol singelier, dêr siet ik sels ek krekt oer te stinnen. Is der ek ien dy't ús hjiryn riede kin? Faak binne lângoeden en bûtens faak de krinten yn de brij om oer te skriuwen.--Swarte Kees 4 aug 2010, 17.25 (CEST)[beäntwurdzje]
'k Sil aanst ris in mailtsje opgoaie by de FA,--Swarte Kees 4 aug 2010, 17.54 (CEST)[beäntwurdzje]
Fan Pieter Duijf fan de Fryske Akademy krige ik dit beskie: It antwurd hat eefkes duorre, want ik hie ferlet fan advys fan ús stinzesaakkundige, mar net Frysktalige Paul Noomen. Bûten Fryslân moat in gebou net state of stins neamd wurde, mar hûs of huis. Dat is wis. In state/stins is in spesifyk gebou en stiet net foar elk grut gebou. It is my bekend dat Willem Visser wurden as lângoed en bûtenpleats brûkt. Op harren sels binne it fansels goede Fryske wurden, mar se binne neat net húsriem. De oantsjuttingen ‘buitenplaats’ en ‘landgoed’ binne foarme út it perspektyf fan de stedslju wei: in riant ûnderkommen (hûs en hear) bûten de stêd op it plattelân. Kaam soks yn Fryslân faak foar? Ik soe der leau ik mar algemiene oantsjuttingen foar brûke: it gebou it hûs neame en de grûn it hiem of it hear neame as it net om grutte lapen lân giet. As dat al sa is moat it lân wurde, of fansels de pleats. Dat lêste kin ek betsjutte gebou en grûn of de grûn allinnich. Mei rju achtinge, Pieter Duijff, Fryske Akademy.,--Swarte Kees 13 aug 2010, 23.21 (CEST)[beäntwurdzje]