Oerlis:Fosite

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oerlis:Forsite)

Kening Aldgilles hat de namme fan dizze side feroarret yn Forsite. Ik kin der hielendal neast site, mar neffens my wie de Fryske namme Fosite en is de namme Forsite Noarsk. Sa is it artikel ek opboud al kin der hjir en der in tikflaterke sitte yn de namme, want ik haw it fertaald fanút de nederlânske side en der wurd de namme Forsite brûkt. Derom bin ik foarstanne om dizze side Fosite te nimmen. Ik skild ien letterke, mar it komt neffens my wol krekt want it gjit oer de Fryske god en net oer de Germaankse god. Wat fiene oaren derfan?--Geoffrey 28 mar 2007, 12.59 (CEST)

Neffens myn AFûK kursus Noard-Frysk is Forsite skreaun mei in R. My tinkt, beide betsjuttings binne yn oarder. Groetnis, Kening Aldgilles 29 maart 07 18:39 CET

Dan stjit it dus ferkeard skreaun op'e nederlanske wikipedy, want der wurd dus dudlik ûnderskied makke tusken Forsite en Fosite. Dit ûnderskied haw ik dus oernommen. Dan likket it my it beste dat alles feroaret wurd yn Forsite. Groetnis werom--Geoffrey 28 mar 2007, 19.08 (CEST)
Ik haw efkes google en sjoch dan ek wol mear siden dy't Forsite as Frysk oanjouwe, [1], [2], [3], dus it wurd neffens my allebeide wol brûkt en ek allebeide wol neamt as frysk. Ik haw der sels hielendal gjin ferstân fan mar it is net sa dat allinnich op de nederlânske wikipedy Fosite as Frysk oanjoen stiet. Theun 28 mar 2007, 19.17 (CEST)

De sage fan de tolfe asega's[boarne bewurkje]

Wie de frjemdling yn de sage fan de tolfe asega's Forsite of Kristus? Rolf Bremmer skrieuwt: "De auteur suggerearret dus dat dy frjemdling Kristus sels wie en dat dêrmei it Fryske rjocht úteinlik fan God sels jûn wie." Sjoch: Rolf Bremmer, Literatuer en identiteit yn Fryslân om 1300 hinne, yn: de Moanne, juny 2005, s. 11 [4] Bouwe Brouwer 29 mar 2007, 22.06 (CEST)

De frjemdling yn de sage fan de tolve asega's wie net-minsklik. Der binne ferskate skriuwers - ik wit net wa't de earste wie - dy't skriuwe dat dy dùs de Kristus wêze moat, mar dat fyn ik wat koart troch de bocht. Goed, at it yn Karel de Grutte syn tiid wie, dan hienen hja kerstene wêze moatten, mar likegoed kin Karel in lettere oanfollings west hawwe yn in âlder ferhaal oer wêr't ús wetten weikamen. (En dan hat der ek noch in perioade west dat ditsoarte fan aksjes de aarts-ingels tafoelen.) Mysha