Oerlis:Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2004

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dat ûnderskie tusken strânfollybalje en sealfollybalje wurket skynber net goed, at der in omskriuwing by moat by de ferwizing. Moat dit de side wurde oer de sport, op dy Spullen, of oer de dissipline?

En ik tocht eins dat wy gjin berjochten mei keppelings dwaan soenen? Yn stee foar dat berjocht haw ik no in keppeling makke nei de side Follybal op de Olympyske Simmerspullen. Dy koe dan njonken in list ek in oersjocht fan de skiednis ensfh. hawwe. Mysha

Yn prinsipe is dit de side oer de sport op dy Spullen, om it sealfollybal en it strânfollybal op ien side te dwaan, is faaks wat te lang. Ik tocht, dan hâld ik it sealfollybal op dy side en meitsje foar it strânfollybaljen in oare side, omdat it twa ferskate dissiplines binne binnen it follybal. Dêrom ferwiis ik op dizze side ek nei it strânfollybaljen. Ik wie der noch mei oan it wurk, ik sil der aansens wer mei oan de slach. It moat der sa út sjen as Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2000. Miskien is it handich om it berjocht foar strânfollybal: Berjocht:strânfollybal op de Olympyske Simmerspullen ek op de oare side del te setten. It twadde part fan jo ferhaal snap ik net echt. MeinRei
We koene fansels ek in aparte side foar it sealfollybaljen meitsje kinne. Dan hat eltse dissipline in aparte side en is der in side oer it follybal yn it algemien op dy Spullen. Dan soe der dus ek noch in berjocht komme moatte foar it sealfollybaljen. Wat tinke jo? MeinRei
Ik tink dat ik dat lêste dwaan sil, ik sjoch moarn wol efkes hoe't it dan liket. MeinRei
It is krekt handich om dat berjocht net op in oare side del te setten, en ek net op dizze. Der is net folle dat yn sa'n berjocht skreaun wurde kin wat net op in side Strânfollybal op de Olympyske Simmerspullen set wurde kin? Wat wy fral berike mei sa'n berjocht is dat immen dy't Follybal Olympyske Spullen 2000 siket ek treffers krijt foar alle oare jierren.
Dat wy hawwe Wikipedy:FAQ#Wêrom_brûkt_de_Fryske_Wikipedy_gjin_berjochten_mei_oersjochslisten? Aliter 2 des 2010, 22.20 (CET)[beäntwurdzje]
It bliuwt lestich. Hoe dan ek, ik haw wat yn de holle. Dat doch ik earst gewoan. Soenen jimme dêrnei sjen wolle at alles kloppet? Oars graach oanjaan! Ik begjin dan mei Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1996. MeinRei 3 des 2010, 18.33 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw de situaasje foar 1996 flink feroare, is dat goed sa? Dan kin ik der fierder mei! MeinRei 4 des 2010, 17.02 (CET)[beäntwurdzje]
Ik haw noch wat saken oanpast; sis it mar at it net dúdlik is. Aliter 4 des 2010, 18.34 (CET)[beäntwurdzje]