Oerlis:Eurosône

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Sels hab ik altyd in protte Jeropa brûkt, mar ik leau dat we dochs it meast Europa brûke. Fan dêr myn kar foar dy stavering.

Ik hab twa printsjes by it stikje set wêrby ek in leginda moat. No wyt ik sels net hoe solks moat, of at solks wol kin hjirre.

Dan dy lytse flaggen foar de lannen. Binne dizze ek al beskikber foar oare lannen?

Tank J'88 1 okt 2009, 13.39 (CEST)[beäntwurdzje]

Neffens Altavista hawwe wy faker "Jeropa". Mar by "Euro" leit de klam oars, dêrom is it grif gjin "Jero". Mysha
Tank. Is no oanpast.

Dochs hat it portaal fan Jeropa al de namme 'Europa'.J'88

Jeropa jout by ôfkoarting in soad ferfrjemding: EM (Europeeske Mienskip) liket mear op EU (ek yn it Ingelsk EU) as JM en de kombinaasje Euro/Jeropa docht my ek wat frjemd oan. Jeropa mei likegoed as Europa, mar ik brûk fanwege it ferfrjemdzjende effekt fan "Jeropa" leaver Europa. Kees
Dat moat eltsenien fansels sels witte. Yn it Frysk stroffel ik hieltyd oer dy E, dan is dy J folle makliker omst dan daalks sjen kinst dat it net Ekonomysk of Ekologysk of sokswat is. Dat sels haw ik leaver J en Jeropa. Mysha