Oerlis:Eric Clapton

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Moai ferhaal. Stiet der noch eat yn dat externe artikel dat de muoite wurdich is? Dan soenen we it likegoed sels opnimme kinne. Aliter 14.32, 28 nov 2003 (UTC)


Wy soenen eins betinke moatte hoe't we it bêst listen mei wurken opnimme kinne:

Hjir stiet it sa:

  • jier Titel (kommentaar) (mear kommentaar)

By de boeken hawwe we earder eat as of as:

  • Titel - Kommentaar. Mear kommentaar (jier).
  • Titel (Kommentaar. Mear kommentaar, jier)

By oare platen sa:

  • Titel (1986)

As dat jier wichtig is, soe it ek sa of sa kinnen:

  • jier Titel - Kommentaar. Mear kommentaar.
  • jier: Titel - Kommentaar. Mear kommentaar.

It stiet altiten op jier, liket it, mar somtiden hieltyd âlder, en somtiden hieltyd nijer.

Wat is it bêst? Aliter 14.32, 28 nov 2003 (UTC)

Wat is it bêste? In kronologyske folchoarder liket my it meast geskikt. Jout ek it bêst de ûntjouwing fan in artyst wer. Ik fyn sels fan âld nei jong de moaiste folchoarder, wer fanwege de ûntwkkeling dy't sa te sjen is. Foar de lêsberens is it yndied wat om in soarte fan standert oan te hâlden foar it meitsjen fan listen.
Utstel by diskografy:
  • Titel - jier (oprinnend) Koarte taljochting, oars aparte side
    • nûmers
By bibliografy:
  • Titel - Kommentaar. Mear kommentaar (jier) (noch mear kommentaar? -> aparte side.

Dat betsjut dan al dat dy strakke list fan jiertallen sa't jo dy hienen ferlern giet. Wêrom in ferskil tusken de regel yn in diskografy en yn in bibliografy? Iens oer de oardering. Aliter 23.11, 28 nov 2003 (UTC)

Ik haw dat útstel foar de diskografy besocht, mar dat wol net; - jier talochting. is skynber gjin brûkbere folchoarder. By Jitiizer haw ik dit besocht:

  • jier Titel -- Koarte taljochting, oars aparte side

Aliter 04.49, 18 dec 2003 (UTC)

Dit liket yndied it meast foar te kommen. Kin om my wol. It hinget der ek in bytsje fan ôf hoelang de listen wurde. By Little Village, dy't mar 2 CD's makke hat, haw ik de ferskillende nûmers der by setten, by John Lee Hooker is der gjin begjinnensein oan en haw ik folstien mei in ekterne ferwizing. B.


Wat binne jo boarnen foar "Delaney & Bonnie"? Ik kin myn platen net sa maklik troch it Ynternet skowe, mar ik haw dizze, fansels al resinte, CD-s fûn:

Aliter 23.11, 28 nov 2003 (UTC)

I rest my case...B.

keppeling om útens[boarne bewurkje]

Meidogger:Erjon hat op dizze side (en yn in hiel soad oare talen) in ferwizing nei in ferkiezing foar de bêste gitaris setten (op in webstee makke troch Erjon Webdesign!!). Om't dit gjin ekstra ynformaasje jout oer Eric haw ik it idee dat dizze ferwizing hjir net fan pas is. Om't it op in protte oare wiki's al in pear dagen stean bleaun is woe ik dit mar efkens troch it oerlis dwaan ynstee fan it fuort te ferwiderjen.Theun 20:22, sep 26, 2005 (UTC)

Oplost. Aliter 22:49, sep 26, 2005 (UTC)