Oerlis:Edzard de Grutte fan Eastfryslân

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Wy neame Edzard de Grutte, Edzard I, mar einliks kloppet dat net, want in omke fan him hite ek Edzard en neffens de Dútske wikipedy wie dat wer de foargonger fan syn heit. As ik it allegear goed besjoch hat dizze Edzard Cirksena dejinge west dy't Fokko Ukena fersloech. --Geoffrey 4 jan 2011, 21.03 (CET)[beäntwurdzje]

Edzard de Grutte libbe 1462-1528, Fokko Ukena 1370-1435. Ulrik Cirksena 1408-1466 fersloech Fokko Ukena mei it Frijheidsbûn fan de sân Eastfryslannen. Der is in List fan hearskers yn East-Fryslân, dy list soe dy ek fierder helpe kinne. Groetnis --Kening Aldgilles 4 jan 2011, 21.18 (CET)[beäntwurdzje]
It komt der op del dat Edzard I greve wie en syn omke mei deselde namme wie dat net. Litte wy de namme fan syn omke dan mar ter ûnderskied hâlde op Edzard Sirksena.--Geoffrey 9 sep 2011, 21.02 (CEST)[beäntwurdzje]