Oerlis:Britsk Steatebûn

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

It Britsk Steatebûn ynstee fan It Britske Steatebûn? Wy sizze ek : It Frysk Bûn om Utens / It Roomsk Frysk Bûn / It Frysk Ljeppers Bûn en sa. Wa kin hjir wat mear oer sizze? --Swarte Kees 13 jun 2009, 06.47 (CEST)[beäntwurdzje]

Troch it fuortlitten fan de -e wurdt by it sizzen oanjûn dat it in gehiel is; it jout oan dat it in namme is, in bytsje sa't de haadletters dat dogge by it skriuwen.
Ja, dat soe kinne. Wat der ek dien wurdt, tink der om dat grif beide ferzjes al brûkt wurde yn de Wikipedy. De oare kar soe dan oanpast wurde moatte, wat daalks ek in goede oanlieding is om te sjen at der keppelings komme moatte no't de side skreaun is. Aliter 15 jun 2009, 01.10 (CEST)[beäntwurdzje]
OK, ik ha it artikel werneamd as Britsk Steatebûn. De Wikipedy soarget der automatysk foar dat keppelings mei Britske Steatebûn nei dizze side trochferwiist wurde. Groetnis --Kening Aldgilles 15 jun 2009, 01.23 (CEST)[beäntwurdzje]