Oerlis:Benzine

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Loftfersmoarging/luchtfersmoarging[boarne bewurkje]

Ik kom yn it artikel it wurd loftfersmoarging tsjin. Soe soks ek luchtfersmoarging wêze moatte? It giet nei myn betinken om de kwaliteit fan de lucht.Yn 'e Wâlden 9 maaie 2011, 10.12 (CEST).

Wol in nijsgjirrich ûnderwerp foar oerlis tinkt my. It Frysk makket ûnderskied tusken loft/lucht, oars as bygelyks Ingelsk en Nederlânsk mei airpollution en luchtvervuiling. Us maat Zantema jout ferskate wurden mei loft en lucht:
  • loftfeart, loftbeskerming, loftferkear, loftkartearring, loftspegeling, loftsprong en sa noch in oantal. Mei 'lucht'- jout Z. bygelyks
  • luchtbân, luchtbêd, luchtkoker, luchtsje, luchtticht en bygeklyks luchtstream. Loftich en luchtich fynt er beide goed. As it omraken stjonkt is sprake fan fize lucht, mar as de wolkens stjonke soe it loftfersmoarging wêze. Is loft it himelferwulft en de soerstoflaach flak boppe de grûn de luchtlaach? Of meie beide.. Ik soe it net witte oft it loftfersmoarging/luchtfersmoarging is. Wa't it wit mei it sizze..--Swarte Kees 9 maaie 2011, 19.16 (CEST)
It is hiel goed dat it Frysk ûnderskie makket! Loft en lucht binne twa ferskillende dingen en meie ek net troch inoar helle wurde.
  • lucht is it gas dêr't wy yn sykhelje
  • loft is de himel boppe ús
    • de romte tusken it ierdoerflak en it útspansel
No kinne wy beide begripen hiel goed keppelje oan it wurd fersmoarging
  • De lucht is fersmoarge.
  • De loft is fersmoarge.
Yn it Frysk Hânwurdboek (2008) stiet it wurd loftfersmoarging al en it wurd luchtfersmoarging net. Beide begripen kinne neffens my brûkt wurde. Yn it gefal fan de benzine bin ik net wis en liket my dit wol in putsje foar de Fryske Akademy ta. Ik bin benijd oft hja mei in ienriedich antwurd komme kinne. Groetnis --Kening Aldgilles 9 maaie 2011, 21.10 (CEST)
Ik ha de fraach oan it Taalburo fan de FA foarlein, --Swarte Kees 11 maaie 2011, 14.37 (CEST)

Beskie FA[boarne bewurkje]

Reaksje Pieter Duijff, taalburo Fryske Akademy: Yn it hânwurdboek (2008) stiet terjochte 'loftfersmoarging' mei as omskriuwing 'fersmoarging fan de loft [...]'. Likegoed hie 'luchtfersmoarging' der ek wol yn kinnen, mar dy kar is net dien. Beide wurden binne goed, mar, se hawwe wol in ûngelikens betsjutting. Op de site dêr't jo nei ferwize binne dy betsjuttingen goed útelkoar helle.',--Swarte Kees 11 maaie 2011, 15.13 (CEST)