Oerlis:Bûrkina Faso

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dan kloppet hjir dus de stavering ek net fan? --Geoffrey 10 jan 2009, 19.30 (CET)[beäntwurdzje]

Ut in staveringsoersjoch op http://www.digischool.nl/fry/siden/twadde%20faze/stavering/stavering_wichtichste_regels.html#A13 soe dat ek mei OE hearre.--Swarte Kees 10 jan 2009, 19.38 (CET)[beäntwurdzje]

Boerkina of Bûrkina[boarne bewurkje]

Neffens de nije regels fan 2015 moatte wy nei it Nederlânsk sjen, dat brûkt Bûrkina (sjoch Nederlânske Wiki). Mar ek as wy nei de list yn it Hânwurdboek sjogge, falt dy net te kombinearjen mei de ynternasjonale fonetyk. It is dus saak de ynternasjonale fonetyk te folgjen en foar Bûrkina Faso te kiezen, krekt as foar Bûrûndy.Yn 'e Wâlden (talk) 6 jan 2015, 14.57 (CET)[beäntwurdzje]

Dat jildt inkeld as it om in û-klank giet, en hjir giet it om de twaklank oe (ûe), om't der in r op folget. Ieneach fan 'e Esk (talk) 6 jan 2015, 19.11 (CET)[beäntwurdzje]
Ik bin wier net fan doel om de saak werom te setten, mar wy hawwe it hjir net oer de /ue/ mar earder oer in stimleaze-u. Soks hat neat mei in twaklank te krijen. Datselde jildt ek foar Boerûndy, ek dêr giet it earder om in stimleaze-u. Ik nim oan dat yn dy list ek Italië ynstee fan Itaalje brûkt wurdt. Miskien soe Drewes him ris yn dizze diskusje minge wolle?Yn 'e Wâlden (talk) 6 jan 2015, 20.22 (CET)[beäntwurdzje]
Sorry minsken, dy fraach is my ûntkaam. It giet hjir yndie om in stimleaze u. Dat û en oe foldogge hjir eins beide net. Yn't generaal bin ik foar it meien fan oe om reden fan betizing mei de twalûd ferzje. At it net oars kin dan Bûrkina Faso. Drewes (talk) 12 jan 2015, 14.20 (CET)[beäntwurdzje]