Oerlis:Arjen Roelofs

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Om't dat útstel oer dy diken itselde liket as dat fan Willem Loré haw ik dêr in keppeling oer opnaam op de side. Ik haw ek Nieuwenhuis, earder fan it Planetarium, hjirnei frege, om't dy ek alris in hiel artikel oer Arjen Roelofs skreaun hat. Aliter 23.17, mar 20, 2006 (UTC)

Ik haw de ynformaasje fan Nieuwenhuis mei de post krigen en it trochlêzen.
It is in kopy fan side 112 oan't 119 fan it al neamde 'Levensberigten van Arjen Roelofs Roelofs' fan Worp van Peyma fan Ternaard. Ik tink dat dit ek de boarne west hat fan Abe Westra, is sil ris kontakt mei him probearje te krijen troch syn oerlis side, ik haw it idee dat oanpassings op oerlis siden yn de artikelromte net troch him opmurken wurde.
Ynkoarten is it stikje oer de seediken yn it artikel in gearfetting fan dizze siden. Blykber hat Arjen Roelofs in plan makke, foar foaral de fiifdielen seedyk en dit plan nei it Haadbestjoer fan de provinsje stjoert (Deputearre Steaten nim ik oan). Of't der fierder ek wat mei de plannen dien is stiet der net by. Der stiet gjin ferwizing nei Loré by. Wol stiet oanjûn dat Roelofs syn plan wie om de bútengloaing fan de dyk mei ferhâlding 1 op 10 omheech rinne te litten, sadat de weachen harren krêft geleidelik ferlize koene en de dyk net sa'n krêften te ferdoarjen krije soe. Ik tink dat de tekst yn it artikel sa earst wol goed is.
Op it titelblêd fan dit boekje (sit der ek by) stiet ek noch dat Roelofs, 'Broeder der Orde van den Nederlandschen Leeuw' is. Ik nim oan dat hjir in reden foar wêst hat, is miskien ek wol nijsgjirrich foar yn it artikel.Theun 12.54, apr 8, 2006 (UTC)

It wurk oan die dyk hat west yn 1811-1814, liket it. Dan hat it net nei oanlieding fan de febrewarisfloed west. Hokfoar bestjoer it departemint Frise hie wit ik ek net. "Haadbestjoer" liket oars wat wetterskipeftich. Ik hie wat mear oer dat "Broeder" útfine wollen, mar ik bin der net oantakaam. Dat, dat kin der al by, mar ik kin op de side fan de oarder noch net útlizze wat er dan krekt wie. Aliter 21.40, apr 8, 2006 (UTC)

It giet om in plan wat makke is nei oanlieding fan de febrewarisfloed. Sa at ik al sei, it stikje yn Arjen Roelofs jout in aardiche gearfetting fan dizze boarne, en ik soe it sa earst mar litte. Theun 19.10, apr 9, 2006 (UTC)