Oek de Jong

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Oebele Klaas Anne (Oek) de Jong (Breda, 4 oktober 1952) is in Nederlânsk skriuwer. Hy is de soan fan de eardere steatssekretaris Klaas de Jong Ozn. Syn jeugd brocht er ûnder mear troch yn Dokkum en Goes, ferhuzingen dy't in gefoel fan ferfjemding by him feroarsaken. Hy studearre keunstskiednis yn Amsterdam.

Inkelde boeken fan de Jong binne yn it Dútsk, Deensk en it Frânsk oerset. [1]

Bibliografy [bewurkje seksje]

  • Het examen (koart ferhaal)
  • De hemelvaart van Massimo (Ferhalen) (1977)
  • Lui oog (Ferhaal) (1979)
  • Opwaaiende zomerjurken (Roman) (1979)
  • Cirkel in het gras (Roman) (1985)
  • De inktvis (Novellen) (1993)
  • Een man die in de toekomst springt (Essays) (1997)
  • Zijn muze was een harpij (Frans Kellendonklêzing en essay oer Willem Frederik Hermans) (1998)
  • Hokwerda's kind (roman) (2002)
  • De wonderen van de heilbot (deiboek 1997-2002) (2006)


Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Website Productiehuis Brabant, besocht 10 maart 2009