Oehoe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Oehoe
Uhu-muc.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Uleëftigen (Strigiformes)
Famylje: Ulefûgels (Strigidae)
soarte
Bubo bubo

De Oehoe (Bubo bubo) is de grutste ûlesoart. Lykas by de measte ûlen is it wyfke mei sa'n 67 sm in stik grutter as it mantsje, dat 61 sm grut wurdt. In mantsje weaget tusken de 1900-2800 gram, in wyfke kin wol in gewicht hawwe oant 4200 gram. De Oehoe hat brune en grize fearren mar is foaral wer te kennen oan syn grutte kop mei lange donkere earfearren dy't nei de sydkanten útstekke. Fierder hat de fûgel in swarte heaksnaffel dy't gruttendiels net te sjen is tusken de fearren. Oan de poaten hat de Oehoe 2-4 sm grutte klauwen der't er grutte proaidieren mei pakke kin.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De Oehoes briede it leafst yn in hoale yn in rotswand. Mar se briede ek wol op âlde rôffûgelnêsten yn beammen. It wyfke leit 2-3 aaien en briedt de aaien allinich yn 34 dagen út. Se moat ek sels foar har iten soarchje en giet derom ien of twa kear deis te jeijen. De jongen ferlitte nei sa'n 28-30 dagen it nêst en skarrelje wat yn de buert fan it nêst om. Nei 50 dagen kinne de jonge ûlen fleane.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

Omdat de Oehoe in grutte rôffûgel is kin er ek grutte proaidieren pakke. Hy yt eins alles wat er pakke kin, lykas rotten, mûzen en hazzen, mar ek fûgels lykas krieen, dowen en einen. Yn de spuiballen fan oehoes binne resten fûn fan sa'n 50 ferskillende sûchdiersoartenen en sa'n 180 fûgelsoarten. Sels stikelbargen kin de Oehoe te pakken krije.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Fersprieding fan de Oehoe

Utsein it úterste noarden komt de Oehoe yn sawat hiel Europa en Aazje foar, en ek noch yn it noarden fan Afrika. Yn West-Europa komt hy net foar yn it noarden fan Frankryk en ek net yn Grut-Brittanje. De lêste jierren (2004) binne yn Nederlân ek in pear briedpearen fan de Oehoe yn súd-Limburch en Gelderlân, de Oehoe liket syn gebiet yn Nederlân stadichoan te fergrutsjen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]