Oegekleastermûne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Oegekleastermûne is in poldermole inkele hûnderten meters ten súdwesten fan it doarp Hartwert, yn de gemeente Wûnseradiel.

Beskriuwing[bewurkje seksje | edit source]

De Oegekleastermûne yn desimber 2008

De Oegekleastermolen, in spinnekopmole, waard foar 1830 boud foar it bemeallen fan de 90 pûnsmiet (± 33 ha) grutte polder Hartwerd-West, dy't eartiids de Polder Knol neamd waard. De eardere eigeners, de bruorren Knol, ferkochten de mûne yn 1981 oan de Vereniging De Hollandsche Molen, dy't him yn 1986 restaurearje liet. Yn 1988 kaam hy yn it besit fan de Stifting De Fryske Mole. In jier letter ferlear de mûne syn funksje as haadbemealler fan de polder. Hy is lykwols op frijwillige basis noch geregeldwei yn wurking. Hy is ien fan fjouwer spinnekopmoles yn Fryslân mei in achtkante ûndertoer. Om te foarkommen dat de mûne by swiere stoarm omwaait, is it ûnderhûs derfan ferswierre mei in pear grutte balstiennen. De Oegekleastermûne hat in flecht fan 9,10 meter en is op ôfspraak te besichtigjen.

Yn 2006 waard de mûne troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]