Oeigoeren

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Oeïgoeren")
Gean nei: navigaasje, sykje
Oeigoersk famke

De Oeigoeren binne in Turksk folk út it Sineeske autonome gebiet Sinkiang (Xinjiang). Mei sa'n 8,82 miljoen (2003) minsken foarmje de Oeigoeren 45 % fan de befolking fan dit gebiet. Harren taal, it Oeigoersk, heart ta de Turkske talen.

Unôfhinklik[bewurkje seksje | edit source]

In oersicht fan de ferskillende ûnôfhinklike Oeigoerske kanaten en Republiken troch de ieuën:

Perioade Oeigoerske kanaten/republiken Haadstêd
745 - 840 Orhun-Kanaat Karabalgasun
870 - 1036 Kansoe-Kanaat (no provinsje Gansu yn Sina) -
850 - 1275 Idikut-Kanaat (grutte dielen fan it tsjintwurdige Sinkiang) Ordubalik
870 - 1212 Kanaat fan de Karachaniden (stifte troch de Karluken en Oeigoeren Kasjgar
1514 - 1678 Saidia-Kanaat Yarkand
- ferskillende selsstannige regio's ûnder de Hodja's nei de earste Mantsjoe-Sineeske ynfallen yn East-Turkestan -
1866 - 1877 Keninkryk Kasjgaarje (ûnder kriichshear Yakub Beg) Turfan / Turpan
12 nov. 1933 - 1934 Earste Republyk East-Turkestan (gefolch fan in folksopstân tsjin de Sineeske oerheid) -
12/11/1944 - 20/10/1949 Twadde Republyk East-Turkestan (stipe troch de Sovjetuny) -