Odsherred (gemeente)

Ut Wikipedy
Odsherred
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regio Sjælland
boargemaster John Brædder
sifers en geografy
haadplak Højby (gemeente Odsherred)
grutste plak Nykøbing Sjælland
ynwennertal 33.083 (2018)
oerflak 356,61 km²
skiednis
oprjochte 2007
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.odsherred.dk

Odsherred is in gemeente op it Deenske eilân Sjælland. De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2007 yn it ramt fan de lanlike gemeentlike weryndieling troch de gearfoeging fan de trije eardere gemeenten op it skiereilân: Dragsholm, Nykøbing-Rørvig en Trundholm.

De gemeentlike tsjinsten binne ferspraat oer de trije eardere gemeenten yn Fårevejle Stationsby, Nykøbing Sjælland en Højby. It riedshûs stiet oan de Nyvej 22 yn Højby.

It skiereilân wurdt westlik begrinzge troch de Sejerø Bugt, noardlik troch it Kattegat en eastlik troch de Isefjord.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grutste plakken yn de gemeente[1]
Nr Plaknamme Ynwenners (2014)
1 Nykøbing Sjælland 5.136
2 Asnæs 2.902
3 Hørve 2.431
4 Fårevejle Stationsby 1.775
5 Vig 1.537
6 Højby 1.427
7 Rørvig 1.006
8 Fårevejle Kirkeby 716
9 Havnebyen 660
10 Grevinge 635

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: