Nutbush (Tennessee)
| Nutbush | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 259 (2000) | |
| Hichte | 109 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Feriene Steaten | |
| Steat | Tennessee | |
| County | Haywood | |
| Oar | ||
| Tiidsône | CST (UTC-6) | |
| *Simmertiid | CDT (UTC-5) | |
Nutbush is in delsetting, gemeentefrije krite (unincorporated area), yn Haywood County, yn it westen fan de steat Tennessee yn de Feriene Steaten fan Amearika.
Nutbush is iere 19e ieu stifte troch wite lânferhuzers út Virginia en Noard Karolina. Oarspronklik kamen dy fan Ingelân. Sy ferfarren nei it westen om dêr middels buorkjen mei slavearbeid har ekonomyske posysje te ferbetterjen. Sy stiften dêr ek de Trinity United Methodist Church. Frije slaven stiften yn 1866 de Woodlawn Baptist Church[1].
Op it begraafplak Trinity lizze goed 50 soldaten dy't sneuvele binne yn de boargeroarloch.
Lânbou is grutste boarne fan ynkomsten yn de regio. Sawol yn it ferline as no noch leit de lânbou him fral ta op de bou en ferwurking fan katoen. Nutbush hat in katoenferwurkjende fabryk (yn 2006).
Nutbush is it meast ferneamd as berteplak fan sjongster Tina Turner, dy't dêr oan har 16e wenne. Sy hat oer it plak song yn it nûmer "Nutbush City Limits" út 1973. Yn 2002 waard in part fan Tennessee State Route 19 ûnder Nutbush "Tina Turner Highway" neamd.
Nutbush (en omkriten) hat mear ferneamde wite en swarte muzikanten fuortbrocht, sa as Hambone Willie Newbern en Sleepy John Estes.[2]
Keppelings om utens [bewurkje seksje]
- (in) Fotodokumintaasje it Nutbush fan no, Tennessee.
- (in) The Goodspeed History Haywood County, Tennessee, 1887
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|