Nova Zembla (film)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Nova Zembla is in histoaryske dramafilm en is de earste Nederlânsk jûnfoljende 3D-film. Fan 24 novimber 2011 ôf wie de film yn de bioskoop te sjen. It is de twadde film dy't troch Reinout Oerlemans regisearre waard (nei Komt een vrouw bij de dokter). Ta de spilers hearden ek Doutzen Kroes en Jochem van der Woude.

De film beskriuwt de lêste ûntdekkingsreis fan Willem Barentsz en Jacob van Heemskerck wêrby't se mei harren bemanning strande op it eilân Nova Zembla en dêr oerwinterje moasten yn Het Behouden Huys. It ferhaal wurdt beleefd troch de eagen fan Gerrit de Veer en is basearre op it deiboek dat er destiids byhâlde.

De filmlokaasjes wienen op Yslân, Belgje en Nederlân. De Amsterdamske sênes waarden opnomd yn Brugge.

Krityk[bewurkje seksje | edit source]

Louwrens Hacquebord, direkteur fan it Arktysk Sintrum yn Grins, die yn 1992 mei oan in Russysk-Nederlânske ekspedysje dy't ûndersyk nei de resten fan it Behouden Huys. Hy hat in tal histoarysk kanttekenings. ,,De bemanning wurdt ôfskildere as in groep rauwe keardels – se sûpe en huorkje - wylst Barentsz destiids krekt keas foar belêzen en troude manlju. De werjefte fan it poalgebiet kloppet ek net, de bemanning sjocht yn augustus, it is dan poalsimmer en 24 oeren deis ljocht, nei in stjerrehimel. De sfear ûnder de bemanning wie oars as yn de film net hingerich, mar krekt posityf mei in soad dissipline, ynventiviteit en trochsettingsvermogen

Rolferdieling[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Earste Nederlânske 3D film op NFF