Notre Dame fan Parys

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Notre-Dame by nacht

De Notre Dame fan Parys is in katedraal op de Île de la Cité yn Parys, in eilân yn de Seine. Notre Dame bestjút 'Us Frouwe', yn dit gefal Maria, de mem fan Jezus Kristus. Yn Frankryk stean ferskate tsjerken mei de namme Notre Dame. De Notre Dame fan Parys hat in langte fan 130 meter en in hichte fan sa likernôch 70 meter.

Biskop Maurice de Sully joech ûnder Loadewyk VII opdracht ta de bou fan de katedraal. De earste stien waard yn 1163 troch paus Aleksander III dellein. Yn 1345 wie de bou fan de katedraal dien.

Yn 1804 kroande Napoleon himsels ta keizer yn de Notre Dame.

Mei de metro kin men it maklikst by de Notre Dame fan Parys komme troch de halte 'metro station Cité' te brûken.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Pascal Tonazzi: Florilège de Notre-Dame de Paris (anthologie). Editions Arléa, Paris, 2007, ISBN 2-86959-795-9

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Commons Commons: Notre-Dame de Paris – foto, fideo en harktriemmen