Nosema apis

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Nosema apis in iensellige parasyt dy’t him manifestearret yn de middenterm fan de huningbij. Nosema Apis komt yn de hiele wrâld foar. It syktebyld dat Nosema Apis feroarsaket is al lang bekend mar pas yn de 19e ieu waard troch Dohoff en Leuckart fêststeld dat de sykte oerdroegen wurdt troch aairûne lichemkes (de spoaren). It binne de spoaren dy’t troch de bijen opnomd wurde by it poetsen fan de sellen. De spoaren dy’t opnomd binne komme troch de huningmage en de proventriculus as pakketsjes de maachterm yn wer't se útkomme. Ut in spoare komt in tried dy’t mear as hûndert kear sa lang kin wêze as de spoare.

Syktebyld[bewurkje seksje | edit source]

De maachterm fan de bij is oantaasten. Dêrom sil de bij minder goed funksjonearje. It efterliif swolt op en de term krijt in wite kleur. De bij kin gjin fiedingsstoffen mear opnimme en wurdt dêrtroch sleau. In bij dy’t ynfektearre is libbet minder lang. In bijefolk kin der oan dea gean mar dan moat it wol hiel slim wêze.

Diagnoaze[bewurkje seksje | edit source]

Wat as earste opfalt is dat de fleaniepening ek de raten ûnder de ûntlesting sitte. De ferhâlding tusken folwoeksen bijen en broed kin út balâns wêze. Foar in kast wurde faaks ôfmêde bijen sjoen.

Behanneling[bewurkje seksje | edit source]

De bijen krije foer. Likernôch 200 oant 300 gram sûkersoplossing wêryn 1 gram fumidil mei wetter oplost is. De ynfeksje ferdwynt net út de bij mar sil wol stadiger ferrinne. Yn de rin fan it seizoen reitsje de bijen de ynfeksje kwyt.

Yn de maaitiid, wêryn de sykte it faakst foarkomt, kin Nosema fansels ek ferdwine. Mei moai waar en in soad stomoal kin der foar soargje dat de bijen der wer boppe-op komme.