Norfolk (greefskip)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Norfolk (Feriene Keninkryk))
Wapen fan Norfolk
Lizzing Norfolk yn Ingelân

Norfolk is in greefskip yn de Ingelske regio East-Ingelân, dat nei alle gedachten oprjochte is yn 'e 10e iuw. It telt 816.500 ynwenners en it oerflak berint 5370,9 km². Greefskipshaadstêd is Norwich.

Norfolk is in greefskip yn it histoarysk East Anglia.

Norfolk is ek de titel fan in Ingelske hartoch. De bekendste hartoch wie Thomas Howard fan Norfolk (1473-1554) dy't by kening Hendrik VIII yn ûngenede foel. Hendrik stoar lykwols deis foar't er it deafonnis ûndertekenje soe.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de befolking is 20,0 % âlder as 65 jier. De wurkleazens berint 3,0 % fan de beropsbefolking (sifers folkstelling 2001). It oantal ynwenners is tanaam fan sa'n 754.300 yn 1991 nei 796.728 yn 2001.

Yn 2001:

  • Blank: 98,5 %
  • Kristen: 74,0 %
  • Hindoe: 0,1 %
  • Moslim: 0,3 %
  • Gjin religy: 16,8 %

Distrikten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Distrikten Detailkaart
  1. Norwich
  2. Súd Norfolk
  3. Great Yarmouth
  4. Broadland
  5. Noard Norfolk
  6. King's Lynn en West Norfolk
  7. Breckland

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]