Nomen nudum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In nomen nudum (meartal: nomina nuda) is in Latynske term dy't letterlik fan "neakene namme" betsjut. It is in taksonomyske oantsjutting foar soölogyske en botanyske nammen dy't der útsjogge as de wittenskiplike namme fan in beskate biste- of plantesoarte, mar dat net binne om't se net (of noch net) formeel publisearre binne mei in byhearrende adekwate beskriuwing (of in ferwizing nei sa'n beskriuwing). Sadwaande is soks in "neakene namme", ien dy't yn wittenskiplike fermiddens net op dizze wize akseptearre wurde kin.

Om't in nomen nudum gjin formele wittenskiplike namme is, en de betinker der sadwaande ek gjin rjochten oan ûntliene kin, kin in lettere auteur dyselde namme as wittenskiplike namme brûke dy't wol oan alle betingsten foldocht, mei as ferskil dat de efternamme fan 'e oarspronklike betinker (dy't diel útmakket fan in wittenskiplike namme) dan ferfongen wurdt troch de efternamme fan 'e úteinlike brûker. Ek kin it wêze dat de oarspronklike betinker letter dochs noch in formele publikaasje en beskriuwing by in nomen nudum útbringt; dan wurdt it in offisjele soartnamme op 'e datum fan dy formele publikaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.