Noardfrysk Ynstitút

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It Nordfriisk Instituut oan de Süderstraße yn Bräist

It Noardfrysk Ynstitút (Nordfriisk Instituut), is in yn 1964 oprjochte, wittenskiplik sintrum dêr't ûndersyk dien wurdt nei de Noardfryske taal, kultuer en skiednis. It is fêstige yn Bräist (Dútsk: Bredstedt) en wurdt bestjoerd troch in eigen organisaasje, de Verein Nordfriesischer Institut ("Feriening fan it Noardfryske Ynstitút"), dy't likernôch 860 leden hat en al bestiet sûnt 1948. Sûnt 1987 stiet it ynstitút ûnder lieding fan Thomas Steensen.

It Noardfrysk Ynstitút hat in eigen bibleteek en argyf, it fersoarget kursussen, kolleezjes, konferinsjes en lêzings en jout boeken, tydskriften en brosjueres út op eigen kosten of yn gearwurking mei oare útjouwers. It wurdt finansjeel stipe troch de dielsteat Sleeswyk-Holstein, de Kreis Noard-Fryslân, de stêd Bräist en de Deenske minderheid yn Dútslân. Ek wurdt der sels wat jild binnenbrocht mei de eigen útjeften.

Boppedat hat it Ynstitút - fia de Verein Nordfriesischer Institut - en tegearre mei de Noardfryske Feriening, de Friisk Foriining, de Heimatbund Landschaft Eiderstedt en de gemeente Hilgelân sitting yn 'e Frasche Redj of Freeske Räid ("Noardfryske Rie"). Dat is in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan 'e Noardfryske taal, kontakten mei oare minderheden yn Dútslân ûnderhâldt en dy't de Noardfryske seksje fan 'e Grutfryske Rie foarmet.

Yn 2011 joech it Noardfrysk Ynstitút in Kanon fan de Noardfryske kultuer út mei de titel Heimat Nordfriesland: ein Kanon friesischer Kultur. Foar it boek is der in soad literatuerûndersyk dien, ek is der ûnder de Noardfriezen in grutte enkête ôfnommen.[1]

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] "Kanon fan de Noardfryske kultuer" www.itnijs.nl, 12 maaie 2011.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen