Noard-Nederlân

Ut Wikipedy
De lizzing fan Noard-Nederlân yn Nederlân.

Noard-Nederlân is in Nederlânske regio (ek wol lânsdiel neamd) dy't de noardlike provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte omfiemet. Dit gebiet foarmet in statistyske NUTS 1-regio, en sûnt 1992 wurkje de trije provinsjes gear yn it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (GNN).

It GNN[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doel fan it GNN is om 'e ekonomyske posysje fan Noard-Nederlân fuort te sterkjen. Dêrta wurdt besocht om it romtlike en ekonomyske belied fan 'e trije provinsjes opinoar ôf te stimmen. Yn 2013 waard in nije koerts foar Noar-Nederlân fêststeld yn 'e nota Noordervisie2040. Dêrnjonken fiert it GNN út namme fan 'e trije provinsjes ûnderhannelings mei it nasjonaal regear yn De Haach en de Jeropeeske Uny yn Brussel. In wichtige advysrol wurdt dêrby ferfolle troch de stêden Grins, Ljouwert, Assen en Emmen.

As basis foar de beslútfoarming oer de ynset fan ynvestearrings fan it ryk op romtlik-ekonomysk mêd fungearret de saneamde Gebiedsagenda Noord-Nederland, dy't datearret út 2009. Der wurdt wurke oan in nije "gebietsaginda", dy't nei ferwachting yn 2014 noch fêststeld wurde sil. Binnen it GNN is sûnt 2010 in iepentlik skeel ûntstien tusken Fryslân en Grinslân oer de allokaasje fan beskikbere middels en de fêstiging fan oerheidstsjinsten, dy't rjochtsom of loftsom allegear yn Grins lykje te bedarjen.

Grutste gemeenten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gemeente Ynwenners
(1 jannewaris 2024)
Provinsje
Grins 243.366 Grinslân
Ljouwert 128.867 Fryslân
Emmen 109.372 Drinte
Súdwest-Fryslân 90.436 Fryslân
Assen 69.729 Drinte
Westerkertier 64.806 Grinslân
Midden-Grinslân 61.437 Grinslân
Smellingerlân 56.626 Fryslân
Hoogeveen 56.615 Drinte
De Fryske Marren 51.938 Fryslân
It Hearrenfean 51.812 Fryslân
It Hegelân 48.231 Grinslân
De Waadhoeke 46.894 Fryslân
Iemsdelta 45.070 Grinslân
Noardeast-Fryslân 45.884 Fryslân
Aldamt 39.433 Grinslân
Coevorden 35.712 Drinte
Meppel 35.786 Drinte
Tynaarlo 34.756 Drinte
Midden-Drinte 34.073 Drinte

Boarne:CBS Statlline

Grutste plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 10 grutste plakken yn Noard-Nederlân binne:

Plaatsnaam 2018 2019 2020 2021 2022 Provincie
1 Grins 190.560 191.342 203.105 202.900 203.955 Grinslân
2 Ljouwert 92.235 92.000 93.395 93.680 94.650 Fryslân
3 Assen 66.525 67.963 67.760 68.005 68.250 Drinte
4 Emmen 56.490 56.545 56.560 56.640 57.395 Drinte
5 Drachten 45.080 45.170 45.534 45.345 45.212 Fryslân
6 Hoogeveen 40.260 39.445 40.130 39.932 40.174 Drinte
7 Snits 33.960 33.379 33.781 33.855 34.157 Fryslân
8 It Hearrenfean 29.115 29.984 30.368 30.655 31.099 Fryslân
9 Meppel 29.335 29.328 29.758 30.063 30.444 Drinte
10 Hegesân 21.805 21.850 21.915 21.870 21.965 Grinslân

Boarne: CBS Statline

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Externe link, op dizze side.