Noardfriezen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Noard-Friezen)
It wapen fan Noardfryslân mei it motto "Lever duad as Slav" (Leaver dea as slaaf). It wapen fan Noardfryslân is net itselde as dy fan it distrikt Nordfriesland.
De Noardfryske flagge hat lykas it wapen fan Noardfryslân, de Friisk Gesäts offisjele status.

Noardfriezen binne, yn rûme betsjutting, de ynwenners fan it distrikt Noardfryslân yn Sleeswyk-Holstein. Yn lytsere betsjutting binne hja in etnyske sub-groep fan de Friezen dy't yn it noardlike part fan it Fryske wengebiet wenje, dêr't Helgolân ek by heart. Dat lêste gebiet is sa'n tredde part lytser as it distrikt Noardfryslân.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Noardfriezen brûke noch altiten oant op sekere hichte de ûnderskate dialekten fan it Noardfrysk, dy't heart by de groep fan Ingveoanske talen. De taal wurdt yn it bysûnder beskerme troch de grûnwet, Friisk Gesäts, dy't op 11 novimber 2004 oannommen is troch it parlemint fan Sleeswyk-Holstein. Lykas yn Westerlauwersk Fryslân is der by de Noardfriezen ek in libbene Fryske beweging. De twa wichtichsten dêryn binne de Nordfriesische Verein, mei likernôch 4800 stipers (2005) en de Friisk Foriining, mei likernôch 600 stipers (2005).

De Noardfriezen wurde sjoen as in autochtoane minderheid yn Dútslân. Der is berekkene dat der likernôch 50.000 minsken libje yn de regio Noardfryslân, foar 165.795 minsken oer yn it distrikt. 8.000 oant 10.000 fan dy 50.000 prate noch ien fan de Noardfryske dialekten, wat delkomt op likernôch 5,1% oant 6,3% fan 'e befolking. Oan sawat 1.400 skoalbern wurdt it Frysk leard [1]. Fan de 165.795 minsken yn Noardfryslân beskôgje sa'n 60.000 (oftewol sa'n 38%) harsels as Noardfriezen.

Om 800 hinne hawwe de Friezen de Noardfryske eilannen kolonisearre. It is net wis wêr't hja krekt weikamen, mar der wurdt oannaam dat dizze earste weach ferbân hie mei de kriich tusken Franken en Friezen. De twadde weach hat om it jier 1100 hinne west; dy groep, út Easterlauwersk Fryslân, hat him op it fêstelân fêstige tusken de rivieren de Eider en de Wiedau op de Deensk-Dútske grins. [2]. De ierst bekende tekst yn it Noardfrysk is in oersetting fan 'e kategismus fan Maarten Luther út likernôch 1600. Pas oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw kamen der mear Noardfryske teksten. Yn de 20e iuw krige de taal in eigen plak yn it ûnderwiis. De Noardfriezen ferlearen yn 1344 troch harren nederlaach tsjin de Denen yn de Slach by Langsundtoft foargoed harren ûnôfhinklikens.

De Noardfriezen wurde yn de polityk fertsjintwurdige troch de regionale partij fan Sleeswyk-Holstein, Südschleswigscher Wählerverband, dy't yn 1948 oprjochte is. De earste jierren fan har bestean krige de SSW in soad stimmen by de ferkiezings, dêrnei gie it rap nei ûnderen. Sûnt de jierren njoggentich kriget de partij stadichoan wer mear stimmen. Nei de Kommunalferkeizings fan 2003 wiene yn 'e Kreistag (parlemint fan in krite) yn Flensburch 11 fan de 43 leden fan de SSW. De partij hat ek seis sitten yn 'e Kreistag fan Sleeswyk-Flensburch en fjouwer yn 'e Kreistag fan Noard-Fryslân. Yn 'e gemeenten dy't by dy kriten heare binne der mei-inoar 134 sitten yn 'e kriten Noard-Fryslân, Sleeswyk-Flensburch, Rendsburch-Eckernförde.

Bekende Noardfriezen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Theodor Storm

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Argyf fan it parlemint fan Sleeswyk-Holstein
  2. Noardfryske Feriening